Dardanellen
geografy
type wettersee-ingte
lokaasjetusken Jeropa en Lyts-Aazje
lân Turkije
koördinaten40°02′N 26°04′E
ûnderdiel fanMiddellânske See
sifers
maks. lingte61 km
maks. breedte6 km
djiptegemiddelde55 m
djipste punt103 m

De Dardanellen (Turksk: Çanakkale Boğazı; Gryksk: Δαρδανέλλια, Dardanéllia), histoarysk ek bekend as de Hellespont, is in smelle seestrjitte yn Turkije. Dit wetter skiedt, yn 'e mande mei de Bosporus en de See fan Marmara, de Balkan fan Lyts-Aazje, en dêrmei Jeropa fan Aazje. De Dardannellen foarmje ien 'e smelste see-ingten fan 'e wrâld dy't brûkt wurde foar de ynternasjonale skipfeart. It is datoangeande in wichtige farrûte, mei't it fan 'e Middellânske See tagong jout ta de Swarte See. Oan 'e Jeropeeske kant wurdt de seestrjitte begrinzge troch it Gallipoli-skiereilân. De grutste havenstêd oan 'e Dardanellen is Çanakkale, dat oan 'e Aziatyske kant leit.

Nammen

Yn 'e Aldheid stie de seestrjitte bekend as de Hellespont (fan it Grykske Ἑλλήσποντος, Hellēspontos, "See fan Helle"). Dy namme kaam fan in ferhaal út 'e Grykske mytology dat hawwe wol dat Helle, de dochter fan Atamas, der ferdronken wie. De hjoeddeistige namme 'Dardanellen' is eins in ferkoarte foarm fan "Strjitte fan 'e Dardanellen", en ferwiist nei twa kastielen dy't yn 'e Midsiuwen troch it Osmaanske Ryk oan wjerskanten fan 'e seestrjitte boud waarden. Dy kastielen waarden tegearre 'de Dardanellen' neamd, wierskynlik nei Dardanus, in stêd dy't yn 'e Aldheid op 'e Aziatyske igge fan 'e seestrjitte lei en dy't sels wer ferneamd wie nei Dardanus, de soan fan 'e Grykske god Seus en de pleiade Elektra. De Turkske namme, Çanakkale Boğazı, betsjut "Strjitte fan Çanakkale", en ferwiist nei de moderne stêd Çanakkale, dy't ek op 'e Aziatyske igge leit.

De beide wichtige seestrjitten fan Turkije (grien): de Dardanellen (giel) en de Bosporus (read), mei dêrtuskenyn de See fan Marmara.

Geografy

De Dardanellen foarmje in smelle, lange seestrjitte, dy't yn it súdwesten yn ferbining stiet mei de Egeyske See, in ûnderdiel fan it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See. Oan 'e noardeastkant komt er út yn 'e See fan Marmara, in binnensee dy't oan 'e noardeastkant ôfsletten wurdt troch in oare smelle seestrjitte, de Bosporus. Yn 'e mande mei de See fan Marmara en de Bosporus foarmje de Dardanellen de skieding fan twa lânmassa's. Yn it noardwesten leit East-Traasje, it Jeropeeske diel fan Turkije, dat ûnderdiel útmakket fan it grutte Balkanskiereilân, en yn it súdeasten leit Lyts-Aazje, dat in skiereilân fan Aazje is. De eigentlike kusten fan 'e Dardanellen wurde foarme troch twa lytsere skiereilannen: it Gallipoli-skiereilân, dat fan 'e súdkust fan East-Traasje ôf nei it súdwesten ta útstiket yn 'e Egeyske See, en it Troäs-skiereilân, dat oan 'e noardwestkust fan Lyts-Aazje nei it westen ta útstiket.

De Dardanellen binne 61 km lang fan súdwest nei noardeast, en 1,2 oant maksimaal 6 km breed fan noardwest nei súdeast. De seestrjitte is yn trochsneed 55 m djip, mei in maksimale djipte fan 103 m. De grutste havenstêd oan 'e Dardanellen is Çanakkale, op 'e Aziatyske kust, dat in befolking fan 110.000 minsken hat. Om't de Dardanellen, de See fan Marmara en de Bosporus de iennichste ferbining fan 'e Middellânske See mei de Swarte See foarmje, binne de Dardanellen tige wichtich foar de ynternasjonale skipfeart. Benammen foar lannen oan 'e Swarte See dy't gjin oare seehavens hawwe (Bulgarije, Roemeenje, de Oekraïne en Georgje) is it in hannelsrûte dy't fan krúsjaal belang is foar de nasjonale ekonomy.

Utsjoch oer de Dardanellen fan it Gallipoli-skiereilân ôf.

Skiednis

Yn 'e Grykske Aldheid foarmen de Dardanellen al in wichtige skipfeartrûte fan Grikelân nei de Grykske koloanjes op 'e Krim. De seestrjitte is bekend út 'e myten om it Gouden Flues hinne, wêryn't Jason en de bemanning fan it skip de Argo (de Argonauten) fan Grikelân nei de Kaukasus fearen. Deun by de eastkust fan 'e seestrjitte lei de âlde stêd Troaje (dêr't it Troäs-skiereilân nei ferneamd is), en it wie dêr dat neffens de Ilias fan Homearus de Trojaanske Oarloch útfochten waard. Under de Perzyske Oarloggen stiek it leger fan kening Kserkses I fan Perzje yn 480 f.Kr. by de Dardanellen oer fan Aazje nei Jeropa om tsjin 'e Grykske stêdsteaten te striden. Yn 334 f.Kr. stiek it Grykske leger fan Aleksander de Grutte by de Dardanellen yn omkearde rjochting oer nei Aazje om it Perzyske Ryk te feroverjen.

Yn 'e Midsiuwen wie foar it Byzantynske Ryk de behearsking fan 'e Dardanellen fan krúsjaal belang foar de ferdigening fan 'e haadstêd Konstantinopel. Yn 1354 foel de seestrjitte lykwols yn 'e hannen fan it Osmaanske Ryk, en hoewol't it doe noch hast in iuw duorre ear't it Byzantynske Ryk der yn 1453 hielendal ûnder strûpte mei de Fal fan Konstantinopel, stie de úteinlike útkomst fan 'e slepende striid al lang dêrfoar fêst. Under de Napoleontyske Oarloggen fierde it Keizerryk Ruslân yn 1807 mei stipe fan it Feriene Keninkryk de Dardanellenoperaasje út, wêrby't de seestrjitte blokkearre waard.

In fearboat stekt by Çanakkale de Dardanellen oer.

Nei de Osmaanske nederlaach yn 'e Russysk-Turkske Oarloch fan 1828-1829 sette Ruslân it Osmaanske Ryk ûnder druk om it Ferdrach fan Hunkiar Iskelesi te ûndertekenjen. Dêryn wie fêstlein dat de Osmanen de Dardanellen tichtsette moasten foar útlânske marineskippen as Ruslân dêrom frege. De oare Jeropeeske grutmachten fûnen dat gjin goed idee, en úteinlik waard yn july 1841 yn Londen it Ferdrach fan 'e Dardanellen sletten. Dêrby waard Ruslân sels ûnder druk set troch it Feriene Keninkryk, Frankryk, Eastenryk en Prusen om akkoart te gean mei de ôfspraak dat yn tiden fan frede inkeld Osmaanske marineskippen troch de Bosporus en de Dardanellen farre mochten. Under de Krimoarloch fan 1853-1854 stjoerden it Feriene Keninkryk en Frankryk harren floaten troch de Dardanellen en de Bosporus nei de Swarte See om tsjin Ruslân te fjochtsjen, mar dat diene se as bûnsgenoaten fan it Osmaanske Ryk. Nei de Russyske nederlaach yn dy oarloch waarden troch it Kongres fan Parys de oerienkomsten fan 'e Ferdrach fan 'e Dardanellen nochris bekrêftige.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch (1914-1918) wie it Osmaanske Ryk ien fan 'e Sintrale machten, dy't oan 'e kant fan it Keizerryk Dútslân fochten. De Alliëarden fetten it plan op om troch de Osmaanske blokkade fan 'e Dardanellen en de Bosporus hinne te brekken en sa in befoarriedingsrûte nei de Swarte See en harren bûnsgenoat Ruslân feilich te stellen. Om dat te berikken waarden op 25 april 1915 lânings útfierd op 'e kust fan it Gallipoli-skiereilân, oan 'e noardwestkust fan 'e Dardanellen. It idee wie dat de troepen opmarsjearje soene fia de kust fan 'e Dardanellen en de See fan Marmara om 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel te feroverjen. Dizze Gallipoli-kampanje rûn foar de Alliëarden lykwols út op in fiasko. De Britske, Frânske, Australyske, Nijseelânske, Britsk-Yndyske en Nijfûnlânske soldaten kamen fêst te sitten yn harren brêgehaden op 'e kust, wylst it binnenlân behearske waard troch Osmaanske troepen. It ûntaarde yn in bloedige rinfuorgestriid, dy't hast acht en in heale moanne duorre, oant de lêste Alliëarden begjin jannewaris 1916 fan it skiereilân evakuëarre waarden.

In úsjoch op 'e havenstêd Çanakkale fan 'e Dardanellen ôf.

Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch, dy't úteinlik foar it Osmaanske Ryk op in nederlaach útrûn, waarden de Dardanellen en de Bosporus ûnder de ôfspraken fan it Ferdrach fan Sèvres, fan 1920, demilitarisearre en omfoarme ta ynternasjonale territoaria ûnder tafersjoch fan it Folkebûn. De Turkske Unôfhinklikheidsoarloch fan 1919-1923 rôle lykwols in grut part fan 'e beslissings fan it Ferdrach fan Sèvres werom. Under it Ferdrach fan Lausanne (1923) waard neitiid it moderne Turkije oprjochte. Dêrby waard de behearsking fan 'e beide seestrjitten oan 'e Turken weromjûn, op betingst dat it demilitarisearre gebieten bliuwe soene, dêr't bûtenlânske keapfardij- en marineskippen passearje mochten sûnder dat se tol hoegden te beteljen. Uteinlik wiisde Turkije dy ôfspraken ôf mei in berop op 'e nasjonale feilichheid, en oer in perioade fan in desennium waarden de beide seestrjitten stadichoan remilitarisearre. Nei yngeande diplomatike ûnderhannelings leine de oerwinners út 'e Earste Wrâldoarloch har by de status quo del, dy't yn july 1936 formalisearre waard ûnder de Konvinsje fan Montreux oangeande it Bewâld fan 'e Turkske Strjitten. Dat ferdrach, dat ek tsjintwurdich noch fan krêft is, tsjut de Dardanellen en de Bosporus oan as in ynternasjonale skipfeartrûte dêr't Turkije lykwols it rjocht hat om 'e bewegings fan marineskippen út oare lannen oan bannen te lizzen.

Under de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945) bleau Turkije lange tiid neutraal, en hold it de Dardanellen en de Bosporus sletten foar alle skipfeart fan 'e oarlochfierende lannen. Pas yn febrewaris 1945 sleat it lân him by de Alliëarden oan en iepene it de seestrjitten foar Alliëarde skippen. Yn 1946 stelde de Sovjet-Uny oan Turkije foar om skipfeart út alle lannen troch de Dardanellen en de Bosporus oan bannen te lizzen, útsein út lannen oan 'e Swarte See (doedestiden Turkije, de Sovjet-Uny en de Sovjet-satellytsteaten Roemeenje en Bulgarije). Under druk fan 'e Feriene Steaten wiisde Turkije dat foarstel ôf. Yn 1952 waard Turkije lid fan 'e NATO en ûntjoech it lân him as sadanich ta in Amerikaanske bûnsgenoat. Sadwaande wie de behearsking fan 'e Dardanellen ûnder de Kâlde Oarloch fan noch grutter strategysk belang as earder.

Sûnt de ein fan 'e Kâlde Oarloch yn 1991 hawwe de Dardanellen en de Bosporus harren ûntjûn ta in tige wichtige skipfeartrûte foar de ynternasjonale ierdoaljehannel. Russyske oalje, út Swarte-Seehavens as Novorossijsk, wurdt mei tankers ekportearre en fia de beide seestrjitten nei West-Jeropa en Noard-Amearika ta fearn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.