Hella de Jonge
keunstner
Hella de Jonge
Hella de Jonge
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHella Elisabeth de Jonge-Asser
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne21 april 1949
wurkpaad
wurksum asbyldhouster, skriuwster, dekôrûntwerpster

Hella Elisabeth (Hella) de Jonge-Asser (De Haach, 21 april 1949) is in Nederlânsk keunstner. Sy is boaske oan Freek de Jonge en is in dochter fan Eli Asser (1922-2019) en Eva Croiset.

Karriêre

De Jonge is byldhouwster en skriuwster. Sy folge har keunstoplieding oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Nei it basisjier folge se de stúdzjerjochting edelsmeien. Letter kaam dêr de spesjalisaasje keramyk noch by. Sy krige priveeles fan Madeleen Brinkman en eksposearre yn ferskate galerys en op de keunstbeurs pAn yn Amsterdam.
Se is ferantwurdlik foar in protte fan de grafyske oanklaaiïng, de dekor- en kostúmûntwerpen en foar it muzikale listwurk fan de solofoarstellingen fan har man, de kabaretier Freek de Jonge. Al op jonge jierren wie hja beropsdûnseresse en hie se in skoftke in moadewinkeltsje yn Amsterdam.

Hella de Jonge publisearre yn 2006 de autobiografy Los van de Wereld, in boek wêryn't it libben fan in twadde generaasje joadsk bern en de swierrichheden anneks iepen en rjochtút beskreaun wurde. De tsjinstelling tusken de oan de bûtekant sa fleurige tekstskriuwer en senarist Eli Asser en de wiere gesinssituaasje fan twa âlden mei in ûnderdûkferline is grut. Yn 2012 ferskynde it ferfolch, Spring.

Yn 2014 makke De Jonge de film Verlies niet de moed, dêryn ûndersocht se de oarlochsskiednis fan har famylje oan de hân fan in briefke dat har beppe, dy't yn Auschwitz deadien waard, efterliet. Foar de film ynterviewt se ûnder oaren har heit Eli Asser. It titelnûmer fan de film, Don't lose your heart, waard skreaun troch Tim Knol.

Bibliografy

  • Los van de wereld, Utjouwerij Balans, Amsterdam, 2006 ISBN 90-5018-740-4
  • Spring, De Bezige Bij, Amsterdam, 2012
  • Hartschade, 2018

Filmografy

  • Verlies niet de moed, 2014

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.