Hell Gate is in nau stik yn de East River yn New York City. It wetter skiedt Ward's Island en Randall's Island fan Astoria, Queens.
De namme "Hell Gate" komt fan it Nederlânske Hellegat, dat yn it earstoan de namme fan de hiele East River wie. It wetter wurdt beskreaun yn de ferslaggen fan de Nederlânske ferkenner Adriaen Block, de earste Europeaan dêr't fan witten is dat er it wetter befarre yn 1614 mei it skip de Onrust.
Keppelings om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.