Heinke He 111


Rol Bommesmiter
Makker Heinkel-Flugzeugwerke
Untwerper Siegfried en Walter Günter
Earste flecht 24 febrewaris 1935
Yn tsjinst 1935
Ut tsjinst 1945 (Luftwaffe), 1958 (Spanje)
Tal makke 7.603 fan 1936 oant 1944 (as CASA 2.111 oant 1956 yn Spanje)
Grutste brûker Luftwaffe,
Farianten V1, V2, V3, 111A-0, 111B, 111F, 111P, 111H, 111Z, 2.111,

De Heinkel He 111 wie in bommesmiter dy't troch de Dútske Luftwaffe yn de Spaanske boargeroarloch en de Twadde Wrâldkriich ynset waard en oan alle fronten tsjinst die. It wie de rêchbonke fan de Dútske bommesmiterfloat. It prototype fleach foar it earst yn febrewaris 1935.

De He 111 waard ek brûkt as transportfleanmasine en as sleepfleanmasine foar sweeffleanmasinen. Hoewol't it tastel tsjin de ein fan WOII slim ferâldere wie, moast it tsjinst dwaan bliuwe fanwege swierrichheden by de ûntwikkeling fan syn opfolger, de Heinkel He 177. It wie útrisd nei it navigaasjesysteem Knickebein.

Yn de Slach om Ingelân die bliken hoe kwetsber it tastel wie mei de Hawker Hurricane en de Supermarine Spitfire fan de RAF as tsjinstanner. Yn 1940 die it tastel mei oan de bombardeminten op Ingelske stêden sa as Coventry. Yn 1941 wie de RAF technysk safier dat ek har nachtjagers (Bristol Beaufighter) de Heinkel 111 delhelje koenen.

De Heinkel tsjinne teffens as lansearynrjochting foar de V-1 (fleanende bom). De meast nuveraardige ferzje wie faaks de Heinkel He 111Z dy't twa rompen oan ien wjuk hie en in fyfde motor yn de midden. Dit type wie bedoeld om de reuzesweeffleanmasine, de Messerschmitt Me 321 te slepen.

De Heinkel He 111 bleau oant 1965 by de Spaanske loftmacht yn gebrûk. De Heinkel He 111 waard ek oankocht troch Bulgarije, Sjina, Hongarije, Roemeenje en Slowakije

Technyske feiten

Heinkel He 111 P-4 (1939/1940)
Feiten
Spanwiidte   22,50 m
Lingte   16,40 m
Hichte   3,40 m
Wjukoerflak   87,60 
Gewicht leech   6.775 kg
Startgewicht   13.500 kg
Motor   twa Daimler-Benz DB 601 A-1 fan 1.100 HK it stik
Topfaasje   390 km/h, fol beladen ± 330 km/o
Krúsfaasje   290 km/o
Steiggeschwindigkeit   144 m/min
Lâningsfaasje   115 km/h
Klimfaasje   2,4 m/s
Fleanberik   fol beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km
Tsjinstplafond   8.000 m
Bewapening   fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15
of twa 13-mm-MG 131
Bomlading   2.000 kg yntern
Bemanning;  5
Heinkel He 111 H-6 (1941/1942)
Feiten
Spanwiidte   22,50 m
Lingte   16,40 m
Hichte   3,40 m
Wjukoerflak   87,60 
Gewich leech   6.775 kg
Startgewicht   14.000 kg
Motor   twa Junkers Jumo 211 D fan 1.200 HK
Topfaasje   400 km/h, folslein beladen 330 km/o
Fleanberik   fols. beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km
Tsjinsthichte   8.000 m
Bewapening   ien 20-mm-MG/FF (yn de noas), fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15, of twa 13-mm-MG 131
Bomlading   2.500 kg
Bemanning   5
Heinkel He 111 H-16 (hjerst 1942)
Feiten
Spanwiidte   22,50 m
Lingte   16,40 m
Hichte   3,40 m
Flügelfläche   86,50 
Leechgewicht   8.680 kg
maksimale startgewicht   14.000 kg
Motork   twa Junkers Jumo 211 F-2 fan 990 kW / 1.350 HK
Topfaasje   436 km/o op 6.000 m
Klimfaasje nei 6.000 m Höhe   42 min
Fleanberik   2.900 km (mei 1.000 kg bommen)
Tsjinsthichte   6.700 m
Bewapening   ien 20-mm-MG/FF (noas), ien 13-mm-MG 131 of ien 7,92-mm-MG 81 Z Zwilling (romprêch), twa 7,92-mm-MG 81 (ûnderkant romp), twa 7,92-mm-MG 81 (siden)
Bomlading   3.000 kg
Bemanning   5

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.