Hein van der Vliet
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHein van der Vliet
nasjonaliteit Nederlânsk
berne8 febrewaris 1890
berteplakLippenhuzen
stoarn28 maart 1956
stjerplakLippenhuzen
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amtTimmerman
aktyf asamateur-archeolooch

Hein van der Vliet (Lippenhuzen, 8 febrewaris 1890 – dêre, 28 maart 1956) wie in timmerman-oannimmer en amateur-archeolooch.[1][2]

Hein van der Vliet die in soad ûndersyk yn Súdeast-Fryslân. Hy waard ek wol de stientsjessiker fan Opsterlân neamd. Hy rekke yn de besnijing troch de fynst fan in rindierstang. Grif in diel fan in keunstfoarwerp dat rindierjagers mei droegen of offeren. It wie de oanlieding foar de jierrenlange syktochten fan him troch it Opsterlânske lânskip. Sykjend om boaiemgeheimen. Yn 1937 fûn Hein van der Vliet, by Weinterp tichtby it Keningsdjip in fjoerstien dy't de foarm fan in fûstbile hie. Nei yngeand ûndersyk die bliken dat it om ien fan de âldste fûstbilen fan Nederlân gie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte, AlleFriezen
  2. Dea-akte, AlleFriezen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.