Hein Doedes Postma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHein Doedes Postma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum5 april 1858
berteplakSurch (Fryslân)
stjerdatum8 maart 1942
stjerplakSurch (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sportkeatsen
debút1881
karriêre-ein1886
wichtige prestaasjes
PC: 1× earste priis + 1× kening
PC: 1× trêde priis

Hein Doedes Postma (Surch, 5 april 1858 – dêre, 8 maart 1942) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw in kear de PC wûn. Hy waard byneamd 'Swarte Hein fan Surch'.

Libben en karriêre

Postma waard yn 1858 berne yn Surch, yn 'e doetiidske gemeente Wûnseradiel. Hy sette yn 1881 útein mei in karriêre yn it keatsen, en wûn yn 1884 de PC yn Frjentsjer, mei in partoer dat fierders bestie út Marten C. Banning en Tjerk Hiemstra, dy't beiden út Penjum kamen. It wie Postma dy't dat jiers ta kening fan 'e PC útroppen waard.

Yn 1886 berikte Postma op 'e PC noch in trêde plak, mar oan 'e ein fan it keatsseizoen fan dat jier hold er op mei de sport. Hy kaam yn 1942 yn 'e âlderdom fan krapoan 84 jier yn syn berteplak Surch te ferstjerren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.