Hilligerlee | ||
Greve Adolfmonumint ta betinking fan de Slach by Hilligrerlee (1568) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.465 (2023) [1] | |
Oerflak | 2,67 km² wêrfan lân: 2,55 km² wêrfan wetter: 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 549 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9677 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 9' N 7° 0' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Hilligerlee yn eardere gemeente Scheemda |
Hilligerlee (Nederlânsk en offisjeel: Heiligerlee, Grinslânsk: Kloosterholt) is in lintdoarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It doarp hie yn 2019 neffens it CBS 1.440 inwoners.
Algemien
Hilligerlee is in lintdoarp en leit op ien fan de heechste punten (garsten) fan in sânrêch fan it "Skiereilân fan Wynskoat". It doarp leit yn de stêdekloft fan Wynskoat en leit dêr dan ek tsjin oan. Benoarden it doarp rint de nije rin fan it Wynskoaterdjip, dat foar 1954 besuden it doarp rûn. De âlde rin waard foar it grutste part dimpt. De A7 rint ek benoarden it doarp. Bewesten it doarp lizze Eexta-Scheemda, besuden lizze de buorskippen Napels en Tranendal en beëasten leit Wynskoat, dêr't eartiids it buorskip Bovenburen lei. Tusken Heiligerlee en Wynskoat leit de buorren Hessenbril dy't der tuskenyn boud waard.
Eartiids hearde Hilligerlee, tegearre mei Wynskoat en Scheemda by de âlde Fryske goa it Reiderlân, mar nei it ûnderstrûpen fan it lân troch de Doalert, waard it gebiet bewesten de Tjamme by de âlde Fryske goa it Aldamt rekkene.
Hilligerlee is hjoed-de-dei in forinzedoarp. It hat twa basisskoallen en in pjutteboattersplak. De ynwenners winkelje yn Wynskoat en Scheemda.
Namme
It kleaster fan Hilligerlee waard neffens in kleasterkronyk yn 1231 stifte yn Asterle tusken de doarpen Winsewida en Westerle yn in "iensum en dreech te berikken gea, dêr't gjin minske kaam en gjin man wenne". De namme Asterle of Asterlo (1289) betsjut "Easterlee". Yn 1391 waard sprutsen fan Hilligen Lee en Heliger Lee, en yn 1498 fan dat Clooster to Hilligerlee en om 1580 hinne fan Hilgerlohe.
It taheaksel -lee (-lie, leek, lits, lethe) ferwiist nei in rinnend wetter. Te ferlykjen binne de nammen De Like, Liens, De Lethe, de Lidden en Dunelee (de lêste twa waarden ferdronken yn de Dollard) en it ferdronken doarp Jadeleh yn de boezem fan de Jade. It taheaksel loo ferwiist nei in beboske hichte, sa as yn bygelyks Vriescheloo.
Yn it earste gefal soe it gean kinne om de lytse rivier de Rensel, dêr't it Aldfryske wurd foar "streamen", rene, ferbûn mei it eftrerheaksel -ele("wetterrin"). Dy rivier rûn besuden it kleaster. De namme fan it buordoarp Winsewida tsjut op bosk (-widu, -wida dat "bosk" of "wâld" betsjut).
It foarheaksel hillig- ferwiist nei it kleaster. Hilligerlee sil dan nei alle gedachten "hillige wetterrin" of "hillich bosk " betsjutte.
Der binne dêrnjonken noch in stikmannige ferklearrings wêr't de namme wei komme soe, mar dy komme taalkundich sjoen tekoart oan goed bewiisgrûn. De âlde namme Hilligerlee soe neffens ien fan dy ferklearrings ôflaat wêze fan hill, en ferwize nei in heuvel of leaver sein in heger stik sângrûn. Kornelis ter Laan skreau yn 1954 dat meilee "bosk" bedoeld waard, mar skriuwt earne oars dat it "hillige heuvel" betsjutte soe. J. Bergsma skreau yn 1884 dat de namme Hilligerlee "grêf fan mûntsen" betsjutte soe, wylst dêr gjin mûntsen, mar nonnen wennen. Neffens A.J. Smith moat it efterheaksel -lee as lei of leite, dat "lijte" betsjut, sjoen wurde. Hy ferklearre dat Hilligerlee as "wenplak yn de lijte fan de beammen" lêzen wurde moatte soe.
Hilligenley is ek in terp op it Noardfryske eilân Langeneß. De kontroversjele Dútske skriuwer Gustav Frensen joech yn 1905 in boek út dêr't hy de betsjuttenis "hillich lân" brûkte
Yn it Grinslânsk wurdt it doarp ek wol Kloosterholt neamd. Dy namme komt fan it eardere kleaster. Kloosterholt wie oant de iere tweintichste iuw in apart buorskip.
Skiednis
Kleaster
Yn 1231 waard troch abt Herderik fan it kleaster Gratia Sanctae Maria yn Schildwolde in nonnekleaster stifte dat Mons Sinaï hiet. De beide kleasters hearden by de oarder fan de Norbertinen. It nonnekleaster waard wijd oan de hillige Katarina fan Aleksanderje. Herderik stjoerde syn muoike Etelsedis dêrhinne en stelde plebaan Liudwardus fan Schildwolde oan as prior. Yn 1288 wennen der 180 nonnen. It kleaster hie sa'n fjouwer foarwurken: De Smacht by Westerlee, Grangsheerd by Súdbroek, Lesterhuis by Termunten en Kloostergare yn Beerta. Fierders hie it feanterijen yn de omkriten fan Wynskoat en buorkerijen yn it Wynskoater Suderfean en Blijham. De tsjerke fan Westerlee hearde ek by it besit fan it kleaster. De Proast beneamde de pastoar.
Slaggen by Hilligerlee
Yn 1536 yn de Gelderske Krigen waarden troepen fan Karel fan Gelre ferslein troch dy fan keizer Karel V yn de earste Slach by Hilligerlee. Karel V krige dêrnei it bewâld oer de Ommelannen en as keizer fan it Hillige Roomske Ryk koe er himsels ta hear fan Grinslân neame. Filips II, dy't ek kening fan Spanje waard, folge him op.
De Slach by Hilligerlee (1568) waard ferneamd om't it de earste jier fan de Nederlânske Opstân wie, dy't fochten waard tusken de Steatsen en de Spaanskgesinden. In leger ûnder leiding fan Loadewyk en Adolf fan Nassau retten harren ta foar in oanfal op Grins, mar moasten harren weromlûke. Spaanske troepen kamen harren efternei en by Heiligerlee, dêr't de Steatsen op trije garsten in mûklaach opsetten hiene, kaam it ta in striid. It Syeatske leger fan in pear hûndert manlju fersloegen it Spaanske leger fan 1700 manlju. Greve Adolf sneuvele lykwols yn de slach, lyk as greve Jan fan Arenberch. Arenberch wie njonken steedholder fan Grinslân ek hear fan Wedde en Westerwâlde. It leger fan Loadewyk en Adolf fan Nassau bestie benammen út Dútske troepen en hierlingen.
Yn de slach waard it kleaster brûkt en fersoargje de ferwûnen. De lichems fan de greven Adolf fan Nassau en Jan fan Arenberch leine dêr opbierre. Arenberch waard dêr ek begroeven. Doe't Loadewyk fan Nassau en syn troepen flechtsje moasten, stutsen se it kleaster yn de brân. De Slach by Jemgum yn East-Fryslân dy't dêrnei folge, waard troch Loadewyk en syn leger ferlern. Hy koe noch mar krekt ûntkomme en swim de Iems oer.
De ein fan it kleaster
Mei de Reduksje fan Grins yn 1594 waard it kleaster troch Stêd en Lân nasjonalisearre, dy't yn 197 al it kleaterguod ferkeapje liet. Om 1600 hinne waard op it plak fan de kleater de Aldamster pleats De Hoogte boud. Yn 1618 krige de stêd Grins it lânguod fan it kleaster yn besit en de Ommelannen al it oare kleastergebieten. Op in stik feanlân dy't de Ommelannen krigen, kaam letter it doarp Ommelannerwyk.
Yn 1624 waarden it Aldamt en Westerwâlde oanfallen troch in Spaansk leger ûnder lieding fan gûverneur Lucas Cavro fan Lingen. Dat leger bestie út manskippen út Lingen en Twinte en hja easken brânskatting fan Wynskoat, Hilligerlee, Scheemda, Eexta, Noardbroek en Slochteren. Dy koene der lykwols sa hurd net oan foldwaan, dus waarden dy doarpen yn 'e brân stutsen. Ek de lêste oerbliuwsels fan it kleaster waarden delbrând.
It feangebiet en it bosk fan it kleaster waarden letter yn de santjinde iuw en benammen yn de achttjinde iuw ferkocht troch in kleasterfûns. Yn 1839 wiene der noch oerbliuwsels fan in grouwe kleastermuorre te sjen, dy't dêrnei útgroeven waard. Yn de tweintichste iuw waarden de eardere grêften fan it kleaster wer fannijs groeven. It kleastergebiet heart sûnt dy tiid by it natuergebiet De Hoogte
Nije tiid
Hilligerlee, dat oant om 1800 hinne offisjeel ek sa hiet, wie foar in lang skoft in lytse buorkip njonken Westerlee en Kloosterholt. Yn de njoggentjinde iuw kaam der wat bedriuwigens nei it doarp ta, wêrûnder in stienfabryk en in klokkejitterij (1862). Yn 1853 kaam der de iepenbiere basisskoalle Heiligerlee. Yn 1920 kaam der de kristlike basisskoalle Mons Sinaï by. Troch it waaaksen fan it doarp kaam der ek in winkelstân.
Troch de tsjinstellings tusken de boeren yn Westerlee en de wurklju yn Hilligerlee en it oanlizzen fan de spoarline Harns - Nijeskâns tusken de twa doarpen troch, rekken de twa doarpen faninoar skaat. Hilligerlee woeks stadichoan fêst oan Wynskoat en Westerlee bleau in frij lizzend doarp.
Yn de iere tweintichste iuw waarden Hilligerlee en Kloosterholt gearfoege ta ien doarp. De strjitten Hoethslaan en Kloosterlaan tichteby it eardere kleaster, dêr't pleatsen stien hawwe, binne noch hieltyd tekenjend foar it eardere doarp. Yn 1919 krige Hilligerlee oansluting op de Stoomtramweg-Maatschappij Oostelijk Groningen, dy't yn de tritiger jierren opheft waard.
Nei de Twadde Wrâldkriich wreide it doarp him út en kaam oan Wynskoat fêst te waaksen.
1869 | 1879 | 1889 | 1899 | 1909 | 1920 | 1930 | 1947 | 1971 | 1995 | 2001 | 2005 | 2008 | 2010 | 2019 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
607 | 564¹ | 716¹ | 734¹ | 808¹ | 885 | 982 | 1007 | 1140 | 1370 | 1450 | 1460 | 1440 | 1435 | 1440 |
Boarne: CBS en volkstellingen.nl/
¹ Westerlee ynbegrepen
It besjen wurdich
- Greve Adolfmonumint
- Tsjerkje Greve Adolf Stifting
- Klokkejitterijmuseum Hilligerlee
- Museum Slach by Hilligerlee
- Nôtmûne De Oldambt
Berne yn Hilligerlee
- Tjapko van Bergen, olympysk roeier
- Aijolt Kloosterboer, heareboer en boargemaster
- Tsjerkje Greve Adolf Stifting (1876)
- Klokkejitterijmuseum Hilligerlee
- Museum Slach by Hilligerlee
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
wizigje |