Heilbronn | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 118.122 (2013) | |
Oerflak | 100 | |
Befolkingsticht. | 1183 km² | |
Hichte | 157 | |
Oar | ||
Tiidsône | CET(UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.heilbronn.de |
Heilbronn is in stêd (en gemeente) yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd leit oan de rivier de Neckar, sa'n 50 kilometer benoarden Stuttgart. De stêd hie 121.613 ynwenners yn 2010. Heilbronn is sûnt it jier 1970 in Dútske Großstadt.
Heilbronn hat de bynamme Käthchenstadt, nei it toanielstik fan Kate van Heilbronn (Das Käthchen von Heilbronn) fan Kleist.
Yn de 19e iuw ûntjoech Heilbronn him ta de wichtichste yndustrystêd fan it keninkryk Württemberg. Carl Heinrich Theodor Knorr stichte yn 1838 de speserijedrûgerij yn Heilbronn dy't fuortlibbet yn Unilevers merk, Knorr.
In Britsk loftbombardemint op 4 desimber 1944 hie fan gefolgen dat de binnenstêd folslein ferwoastge waard. De foarneamste fannijs boude histoaryske gebouwen lizze oan it Merkplein (Marktplatz): de Kilianustsjerke, it Riedhûs en it Käthchenhaus. De protestantske Kilianuskerk is in goatyske halletsjerke, wêrfan't de westtoer út 1529 fan grut keunsthistoarysk belang is: hy jildt as it earste gruttere renêssânsebouwurk benoarden de Alpen. It riedhûs, dêr't allinne de bûtenkant fan restaurearre is, is ek in renêssânsegebou (1582) en hat in astronomysk oerwurk.
Plakken yn de gemeente
- Heilbronn
- Biberach
- Böckingen
- Frankenbach
- Horkheim
- Kirchhausen
- Klingenberg
- Neckargartach
- Sontheim
Regierungsbezirke Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen Landkreise Kreisfreie Städte |