De Universiteit fan Frjentsjer, destiids ek wol Academia Franekerensis neamd, is oprjochte yn 1585. Yn 1811 is er by dekreet fan Napoleon tagelyk mei de Universiteit fan Hurderwyk sletten.
Stifting
De universiteit is stifte troch de Steaten fan Fryslân. Al wie in wichtige reden dat dûmnys sa hjir yn de omkriten oplaat wurde koenen, dochs waard besluten net allinnich in seminarium te begjinnen, mar in universiteit. De universiteit is op 29 july 1585 iepene, en wie fêstige yn Frjentsjer, yn it eardere Krúshearekleaster. Ek de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk hat him sterk makke foar de oprjochting. De ynwijingstaspraak waard holden troch Abel Frankena.
Tritich jier lang wie de Akademy neist de Leienske de ienige universiteit yn de Nederlannen. De start wie ynearsten ûnthjittend mei in waaksend oantal studinten – benammen dy fan de teologyske fakulteit naam bot ta – mar sûnt 1660 rûn it oantal stadichoan tebek, mei in lytse oplibbing om 1700 hinne. Yn 1774 moast in grutte besunigingsoperaasje trochsetten wurde.
Fakulteiten
De universiteit hie fjouwer fakulteiten:
- Godgeleardens (theologica)
- Rjochten (jura)
- Medisinen (medicina)
- Frije keunsten (artes): filosofy, talen en wiskunde.
Ynfloed
Mei om't Frjentsjer yn dy tiid in kalvinistysk bolwurk wie, groeide foaral de fakulteit fan de godgeleardens yn de 17e iuw út ta ien fan de wichtichste yntellektuele sintra fan Nederlân. Ferneamde gelearden joegen yn Frjentsjer ûnderwiis, wat in protte studinten oanluts. Ek de lettere steedhâlder Willem IV wie hjir studint.
Yn de 236 jier dat de Fryske universiteit bestien hat, hawwe sawat 15.000 studinten ynskreaun stien; in tredde fan de studinten kaam út it bûtenlân, wêrûnder in protte Poalen en Hongaren, in fearn út oare provinsjes fan de republyk. Yn totaal binne 2072 studinten promovearre yn Frjentsjer. By de befolking stie de universiteit ek bekend as de súpakademy.
Ein
Troch ûnder oaren de grutter wurdende konkurrinsje en de minder wurdende ekonomy, bleau de universiteit yn de rin fan de 18e iuw efter by de ûntwikkeling yn de rest fan Jeropa. It tal útlânske studinten rûn tebek, en yn de Frânske tiid wie der in dúdlike delgong fan it tal studinten. Doe't Napoleon yn 1811 it tal universiteiten ferminderje woe, wie de universiteit fan Frjentsjer net wichtich genôch mear en hâld dy iepen. Nei 226 jier, en nei 13.706 ynskreaune studinten, kaam der sa in ein oan de Universiteit fan Frjentsjer.
Neitiid
In part fan de hortus botanicus waard yn 1812 oernaam troch de Universiteit fan Grins. Fan 1815 oant 1843 hat de skoalle noch in Ryksateneum west. It behear fan de biblioteek fan de universiteit hat ien fan de redenen west ta de stifting yn 1852 fan de Provinsjale Biblioteek. De oare besittings, wêrûnder de ksylooteek, kamen yn it besit fan de stêd, en binne no part fan de kolleksje fan Museum Martena.
Hjoeddeisk
Der is al ris besocht de universiteit wer te iepenjen, mar oant no ta is dat net slagge. Sûnt 1996 is it foar promovendy oan de Universiteit fan Grins, as it ûnderwerp fan de promoasje, of de promovendus sels, in bân mei Fryslân hat, mooglik om yn Frjentsjer te promovearjen. En yn 1998 is de Universiteit Twente hjir it Kartesius-ynstitút begûn. Fierders hat Fryslân yn Ljouwert mei de Fryske Akademy in akademyske ynstelling foar stúdzje fan de Fryske Taal.
Yn it begjin fan de njoggentiger jierren is de Stifting Frjentsjerter Universiteit oprjochte mei as doel minsken te ynteressearjen foar alles wat streekrjocht of sydlings mei Fryslân te meitsjen hat.
Ferneamde studinten en heechleararen
- Foppe van Aitzema, diplomaat yn Brunswyk en gesant by de Hanzestêden
- Lieuwe van Aitzema, histoarikus, diplomaat, en spion
- Willem Baudartius, teolooch
- Balthasar Bekker, predikant en teolooch
- Court Lambertus fan Beyma, patriot, notaris, Steatelid en folksfertsjintwurdiger
- Govert Bidloo, anatoom
- Cornelis fan Bijnkershoek, presidint fan de Hege Ried fan Hollân, Seelân en West-Fryslân
- Johannes Bogerman, teolooch, letter heechlearaar te Frjentsjer
- Sebald Justinus Brugmans, arts en botanikus
- Petrus Camper, arts en wittenskipper, wie heechlearaar te Frjentsjer
- Johannes Cocceius, heechlearaar Easterske talen
- Willem van Haren (diplomaat), skriuwer en politikus
- Onno Zwier van Haren, Nederlânsk politikus en dichter
- Daniël Heinsius, humanistysk gelearde
- Tiberius Hemsterhuis, heechlearaar Gryksk en filosoof
- Theodorus fan Kooten, heechlearaar Latyn en Skiednis
- Jodocus fan Lodenstein, predikant
- Willem Loré, wettersteatkundige
- Johannes Maccovius, teolooch en sweager fan Saskia van Uylenburgh
- Henricus Antonides Nerdenus, heechlearaar godgeleardens 1585-1614
- Adriaan Metius, wiskundige en astronoom; earst studint, letter professor en rektor
- Johannes Mulder, (1769-1810) medikus, anatoom, gynekolooch
- Murk van Phelsum, dokter, farmakolooch
- Pieter Stuyvesant, gûverneur fan Nij-Amsterdam
- Jean Henri van Swinden, heechlearaar natuerkunde en wiisbegearte
- Johan Valckenaer, jurist en patriot
- Everwinus Wassenbergh, heechlearaar te Frjentsjer
- Prins Willem IV
- Adolphus Ypey, botanist, heechlearaar Medisinen en Filosofy
Literatuer
- Jacob van Sluis: University of Franeker. Yn: Wiep van Bunge: The dictionary of seventeenth and eighteenth-century Dutch philosophers. Vol. 1: A-J, Thoemmes Press, Bristol 2003, S. 314-317.
- Willem Roelf Henderikus Koops: Academisch onderwijs in Franeker en Groningen, 1585-1843, ijver en wedijver. Universiteitsmuseum, Grins 1985.
- G.Th. Jensma en F.R.H. Smit: Universiteit te Franeker, 1585-1811. Bijdraagen tot de geschiedenis van de Friese Hogeschool. Fryske Akademy, Ljouwert 1985.
- Arjen Dijkstra: Between Academics and Idiots, in kulturele skiednis fan de wiskunde yn Frjentsjer, proefskrift, 2012.
- Jacob van Sluis: Academie van Vriesland. Geschiedenis van de Academie en het Athenaeum te Franeker, 1585-1843. Utjouwerij Bornmeer, 2015
Keppeling om utens
Bekostige |
Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen | |
---|---|---|
Oanwiisd |
Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn | |
Ynternasjonaal |
Limburg · Webster University | |
Eardere universiteiten |
Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht |