It Heger Algemien Fuortset Underwiis (Nederlânsk: Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs), yn 'e regel ôfkoarte ta HAVO (of inkeldris HAFU), is in skoalsoarte yn it Nederlânske ûnderwiisstelsel, dy't yn 1968 ynfierd waard neffens kêst 9 fan 'e Wet op it Fuortset Underwiis (yn 'e folksmûle de 'Mammoetwet' neamd). Dêrby kaam dizze skoalsoarte tegearre mei it Tariedend Wittenskiplik Underwiis (VWO) yn it plak fan 'e âldere HBS (Hegere Boarger Skoalle). It trochrinnen fan 'e HAVO duorret fiif jier (as in learling teminsten net sitten bliuwt) en is bedoeld foar learlingen fan tolve oant santjin jier. Der is in ûnderbou (de earste trije jier, wêrfan't it earste jier noch wer apart bekendstiet as de brêchklasse) en in boppebou (de lêste twa jier). Nei it VWO fertsjintwurdiget de HAVO it op ien nei heechste nivo fan fuortset ûnderwiis yn Nederlân. Fan alle basisskoallelearlingen giet likernôch 20% rjochtstreeks nei de HAVO, mar geandewei streame der (benammen yn 'e fjirde klasse) ek learlingen yn fan 'e MAVO ôf.

De HAVO is gjin ein- of beropsoplieding, mar in algemien foarmjende, teoretyske foarm fan ûnderwiis. De bedoeling fan 'e HAVO is om 'e learlingen ta te rieden op ferfolchopliedings yn it ramt fan it Heger Beropsûnderwiis (HBO), mar as de earste trije jier goed trochrûn binne, kin in HAVO-learling dêrnei ek trochstreame nei it Middelber Beropsûnderwiis (MBO). It diploma fan 'e HAVO jout boppedat ek tagong ta de fyfde klasse fan it VWO. Oarspronklik hiene learlingen fan 'e HAVO de frije kar om sels in saneamd karpakket fan sân skoalfakken gear te stallen dêr't se eksamen yn dwaan woene, ûnder it betingst dat it Nederlânsk en teminsten ien frjemde taal (sûnt 1993 spesifisearre as it Ingelsk) ferplichte wiene. Oare fakken dêr't eksamen yn dien wurde koe, wiene: Dútsk, Frânsk, Frysk, Spaansk, skiednis, keunstskiednis, tekenjen, hânfeardichheid, muzyk, ierdrykskunde, maatskippijlear, ekonomy, hannelskennis (of hannelswittenskippen), biology, natuerkunde, skiekunde en wiskunde (nei 1990 opspjalten yn wiskunde A en wiskunde B).

Sûnt 1998 kin der lykwols allinnich noch mar keazen wurde út fjouwer saneamde 'profilen', dy't in min ofte mear fêst fakkepakket omfiemje:

  • natoer en technyk
  • natoer en sûnens
  • ekonomy en maatskippij
  • kultuer en maatskippij

In stikmannich skoallen makket dêrnjonken ek gebrûk fan 'e 'kombinaasjeprofilen':

  • natoer, technyk en sûnens
  • ekonomy, kultuer en maatskippij

De profilen binne opboud út in mienskiplik diel dat foar alle profilen gelikens is; in profyldiel dat foar alle profilen ferskillend is; en in frij diel dat de learlingen ynfolje kinne mei fakken dy't eins ta oare profilen hearre, mar dêr't se in bysûndere affiniteit mei hawwe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.