De Heecheinsterbrêge is in brêge yn Snits, dy ferbân hâldt mei de strjitte Heechein. Krekt hokfoar brêge, is yn de rin fan de tiid lykwols feroare.
- De âldste brêge dêr't wy fan witte dat dy de Heecheinsterbrêge wie, is de brêge dy't no de Lemmerbrêge is, alteast in brêge op dat stee. Dy Heecheinsterbrêge joech tagong ta de Klokslach fan Snits.
- In lettere brêge dêr't wy fan witte dat dy de Heecheinsterbrêge wie, is de brêge dy't no yn it ferlingde fan de Alde Komerk leit.
- Op in stuit is der besletten om de brêge dy't yn de Heechein leit, sels de namme Heecheinsterbrêge te jaan, as wie it de iennichste brêge yn de Heechein. It is in ferbining tusken Grutsân en Heechein.
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.