Hedwich fan Saksen, hartoginne fan Frânsje (*tusken 914 en 920 - 959) wie de dochter fan de Dútske kening Hindrik I de Fûgelder en syn twadde frou Mattilde en suster fan keizer Otto I en mem fan Hugo Capet, fan wa't de Kapetinger ôfstamme.
Hedwich wie jonger as har broer Otto I (* 912) en har suster Gerberga, mar âlder as har broer Hindrik I fan Beieren (*921). Yn 937 of 938 boaske hja mei Hugo de Grutte fan Frânsje. Harren soan Hugo Capet, dy't yn 987 Frânsk kening waard, waard om 940 hinne berne. Oare soannen binne Odo (fan 956 oant 965 hartoch fan Boergonje en Odo-Hindrik (fan 965 oant 1001 hartoch fan Boergonje.
By it ferstjerren fan Hugo de Grutte yn 956 wie har soan Hugo Capet noch net mearderjierrich, dêrom naam har broer Bruno it fâldijskip op him. Bruno hie al yn it fâldijskip fan syn omkesizzer Lotarius I, de soan fan syn suster Gerberga op him naam, en hie krige hjirtroch in grutte ynfloed yn Frankryk.