Hear Gawain en de Griene Ridder
algemiene gegevens
oarspr. titelSir Gawayne and the Grene Knyght
auteuranonimus
taalMidingelsk
foarmpoëzij
sjenreridderroman, epos
skreaunein 14e iuw
oersetting nei it Frysk
Fryske titelHear Gawain en de Griene Ridder
publikaasje2001, Ljouwert
útjouwerUtjouwerij Frysk en Frij y.g.m. ELF
oersetterKlaas Bruinsma
ISBN oers.9 07 35 54 73X

Hear Gawain en de Griene Ridder, yn it oarspronklike Midingelsk Sir Gawayne and the Grene Knyght, is in let fjirtjinde-iuwske Arthurleginde en ridderroman yn 'e foarm fan in epysk gedicht yn alliterative fersen, skreaun troch in ûnbekende auteur. It komt fuort út 'e eardere Welske, Ierske en Ingelske literêre tradysjes en jout benammen omtinken oan 'e wichtigens fan ear en ridderlikens. Oant hjoed de dei ta hat it yn 'e Ingelsktalige wrâld in beskate populêrens beholden yn 'e moderne werjeften fan û.m. J.R.R. Tolkien en Simon Armitage. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2001.

Eftergrûn

Fan Hear Gawain en de Griene Ridder is ien Midsiuwsk manuskript oerlevere, dat op 't heden yn it Britsk Museum bewarre wurdt. Behalven de ridderroman omfettet it hanskrift ek in trijetal religieuze ferhalen, Pearl, Cleanness (of Purity) en Patience, dy't nei gedachten troch deselde anonime dichter skreaun binne. De brûkte dialektfoarm ferwiist nei it westlike part fan Midlands. De earste moderne útjefte fan Hear Gawain en de Griene Ridder waard yn 1925 fersoarge troch de taalkundige J.R.R. Tolkien, better bekend as de skriuwer fan Master fan Alle Ringen. De earste Nederlânske oersetting datearret út 1979.

Ynhâld

It ferhaal begjint mei in koarte ynlieding oer de stifting fan Brittanje, folge troch ienige útlis oer it hof fan kening Arthur te Camelot. Op Nijjiersdei arrivearret dêr in reuseftige griene ridder, dy't net inkeld griene klean, mar ek in griene hûd en grien hier hat. Sels syn hynder is grien. Hy daget de oanwêzigen út om him mei syn eigen bile in slach ta te bringen yn ruil foar it rjocht om oer in jier en in dei weromslaan te meien. Hear Gawain nimt de útdaging oan en slacht de griene ridder daliks de holle ôf. Mar dyselde kriget syn holle op en hjit Gawain om him oer in jier en in dei by de Griene Kapel te moetsjen, sadat er dêr dan weromslaan kinne sil. Dêrmei stiget er op en riidt er fuort.

Hear Gawain en de Griene Ridder (Midsiuwske yllústraasje).

De deis nei Alderheljen giet Gawain dan op 'en paad, op 'e syk nei de Griene Kapel. Einlings komt er by in kastiel, dêr't er gastfrij ûnthelle wurdt. Hy fernimt fan 'e kastielhear dat de kapel dêr fuort by is en beslút, op oantrúnjen fan 'e hear, dy't him freget syn frou op te fleurjen, trije dagen op it kastiel troch te bringen. Dan stelt de kastielhear in ruil foar: hysels sil deis op jacht gean en Gawain jûns jaan wat er sketten hat; Gawain sil dan oan him jaan wat er dy deis op it kastiel krigen hat. De earste deis jout de boarchhear Gawain in stikmannich harten, en Gawain jout him in tút. De twadde deis komt de hear mei in grut everswyn oansetten, en Gawain jout him twa tuten. Op 'e moarns fan 'e trêde dei jout de frou fan 'e kastielhear Gawain trije tuten en in griensidene gurle, dy't de drager ûnkwetsber makket. Hy moat har dêrby wol ûnthjitte om nimmen oer de gurle te fertellen. Dy jûns komt de kastielhear thús mei in foks, dêr't Gawain him trije tuten foar jout; mar oer de gurle hâldt er him stil.

Neitiid fynt Gawain de griene ridder by de kapel en biedt him syn nekke oan. Twaris risselwearret de griene ridder om ta te slaan, mar hâldt er him yn. De trêde slach skampet Gawain syn nekke, mar ferwûnet him mar kwealk. Dêrop fertelt de griene ridder dat er nimmen oars is as de kastielhear, en dat er syn frou stjoerd hat om Gawain te hifkjen: Gawain hat net tajûn oan syn begear, mar troch de gurle te hâlden hat er dochs ek min ofte mear faald. Dêrom hat de griene ridder him by de trêde slach licht ferwûne.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan Sir Gawayne and the Grene Knyght ferskynde yn 2001 ûnder de titel Hear Gawain en de Griene Ridder by Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert, yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik wie foar de ynformative ynlieding.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, Hear Gawain en de Griene Ridder, Ljouwert, 2001 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 73X.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.