| |||||||||||||||||||||
|
De Heanmar is in drûchmakkerij en eardere mar tusken Koudum en Hylpen. Yn 1858 waard de 177 hektare grutte mar drûchlein. De namme komt fan de plant heanen (Juncus subuliflorus) dy't hjir in soad groeide.
De polder dy't ûntstie nei de drûchlizzing is in lânbougebiet mei in bytsje bebouwing en leit op it djipste punt 2,5 meter ûnder NAP. Tsjintwurdich is de polder yn behear by Steatsboskbehear. Der stiet ûnder oare in fûgelsjochhutte.
Natoergebiet
In stik fan 4 bunder fan de polder is eigendom fan It Fryske Gea. It lân wurdt beheard lykas it eartiidske boerelân. Yn de blomrike greiden bloeie bûterblom, pinksterblom, koweblomke, hynsteblom en surk. Yn it gebiet briede tsjirken, ljippen, ljurken en in soad skriezen.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.