Fersprieding fan 'e beide soarten steppe, klassifisearre nei klimaat:
     kâld steppeklimaat
     hjit steppeklimaat.

In steppe (fan it Russyske степь, step’, dat "heide" betsjut) is in lânskipstype en ekoregio karakterisearre troch natuerlik foarkommende gerzige flakten sûnder beammen, útsein by de iggen fan rivieren, beken en marren lâns. Guon soarten steppe hawwe hjir en dêr wol klútsjes strewelleguod. Steppe is dêrmei in foarm fan natuerlik gerslân. It is lykwols in drûger soarte lânskip as greide, savanne of prêrje. It steppeklimaat is in semy-aride klimaat, sa't foarkomt yn kriten dy't te drûch binne om wâld ûnderstypje te kinnen, mar net drûch genôch om oantsjut te wurden as woastyn. De oergongsfoarm fan greide nei steppe wurdt wol healsteppe neamd, en de oergongsfoarm fan steppe nei woastyn is healwoastyn of woastynsteppe. In oergongsfoarm tusken wâld en steppe is de wâldsteppe of bosksteppe.

It klimaat fan in steppe is ornaris in steppeklimaat of in lânklimaat. Mei't sokke kriten de matigjende ynfloed fan 'e see misse, kinne de temperatueren der simmerdeis oprinne oant 45 °C, en by 't winter sakje oant –55 °C. Njonken sokke reuseftige seizoenale ferskillen binne de temperatuerfluktuëarrings tusken dei en nacht op 'e steppe faak ek hiel grut. Yn 'e hege steppes fan Mongoalje en Nevada kin dat ferskil wol 30 °C bedrage. Wat delslach oanbelanget krije steppes oer it generaal sa'n 250–500 mm rein yn it jier. Faak is dy delslach konsintrearre yn in oaniensletten perioade fan trije of fjouwer moannen en bliuwt it der dan wer acht of njoggen moannen efterinoar drûch.

It gesachhawwende klimaatsysteem fan Köppen dielt steppes op yn twa farianten: gebieten mei in hjit steppeklimaat en gebieten mei in kâld steppeklimaat. Foarbylden fan hjitte steppes komme foar yn it Amerikaanske Súdwesten, it binnenlân fan Kalifornje, westlik Teksas, it Dekkanplato yn Yndia, it binnenlân fan Sisylje, it eastlike part fan it Ibearysk Skiereilân, en as oergongssône tusken it tropysk reinwâld oan 'e noardkust fan Austraalje en de woastyn yn it binnenlân.

It bekendste foarbyld fan in kâlde steppe is de Jeraziatyske Steppe, de grutste steppe fan 'e wrâld, dy't rikt fan Roemeenje yn it westen fia de Oekraïne, Ruslân, Sibearje, Kazachstan en Kirgyzje oant yn Mongoalje en Mantsjoerije yn it easten. Underdielen fan 'e Jeraziatyske Steppe binne de Pontysk-Kaspyske Steppe boppe de Swarte See en de Kazachske Steppe yn Sintraal-Aazje. De Poesta op 'e Pannoanyske Flakte, yn Hongarije en oanbuorjende lannen, en de koartgersprêrjes yn it westlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika binne oare foarbylden. Op it súdlik healrûn komme kâlde steppes bgl. foar yn Patagoanje (yn súdlik Argentynje), súdeastlik Austraalje en op it Sudereilân fan Nij-Seelân.

Galery

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.