In healmling is in soarte fan mytysk wêzen dat likernôch heal sa grut is as in minske, mar fierders sterk op 'e minske liket. De term wurdt brûkt as in synonym foar hobbits, it ras fan lytse minskeftige ierdgeasten dat troch de ferneamde Britske fantasy-auteur J.R.R. Tolkien beskreaun waard yn syn berneboek The Hobbit (1937) en syn lettere Lord of the Rings-trilogy (1954-1955). Tsjintwurdich wurdt yn fantasyliteratuer en oanbesibbe saken lykas fideospultsjes en role-playing games faak útslutend fan 'e term 'healmling' gebrûk makke om't de erven Tolkien de rjochten op 'e namme 'hobbit' hawwe.
'Healmling' is in ferfrysking (brûkt troch dû. Liuwe H. Westra, de oersetter fan 'e Lord of the Rings-trilogy yn it Frysk) fan it Ingelske halfling. Dat giet oarsponklik wer werom op it Skotske wurd hauflin, wêrmei't feitliken ferwiisd wurdt nei in opslûpen tiner dy't gjin bern mear is, mar dy't ek noch net as folwoeksen beskôge wurde kin. Yn in diel fan 'e moderne Ingelsktalige fantasyliteratuer wurdt de oantsjutting halfling brûkt om in healbloed persoan te beskriuwen fan wa't de âlden ta ferskillende rassen hearre. Sa wurdt yn 'e Shannara-searje fan Terry Brooks it personaazje Shea Ohmsford oantsjut as in halfling om't syn âlden in minske en in elf wiene. Yn it meastepart fan 'e fantasyliteratuer wurdt sa'n persoan lykwols in healelf neamd.
Fierhinne op basis fan 'e beskriuwing dy't Tolkien yn 'e prolooch fan The Lord of the Rings fan hobbits joech, wurde healmlings ornaris omskreaun as likernôch in meter lang, mei fuotten dy't bûtenproporsjoneel grut binne. Se geane yn 'e regel bleatsfoets, hawwe skerpe earen en binne wetterfluch, sadat se in minske fan fierrens oankommen hearre kinne en al lang in sideplak opsocht hawwe as sa'n minske foarby komt. Neffens Tolkien is dat de reden dat se nea sjoen wurde. In oare eigenskip fan healmlingen is harren skerpe gesichtsfermogen, dat makket dat se mei treflike akkuratens in stien of klute smite kinne, en dat se in grut talint hawwe foar wapens as de slinger, de kattepûl en pylk-en-bôge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |