Haye Thomas | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Haye Thomas | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 juny 1936 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
stoarn | 11 novimber 1996 | |
stjerplak | Hilversum (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernalist, ferslachjouwer | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | NCRV, NOS | |
bekend fan | NOS Journaal | |
jierren aktyf | 1967 – 1996 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Haye Thomas (Amsterdam, 26 juny 1936 – Hilversum, 11 novimber 1996) wie in Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer. Hoewol't er ek foar de skriuwende parse wurke, waard er benammen bekend troch syn ferslachjouwing op 'e tillefyzje, û.m. foar it NOS Journaal.
Libben en karriêre
Thomas waard yn 1936 berne as de soan fan sjoernalist Fred Thomas, en wie fan hûs út roomsk. Hy sette syn karriêre yn 'e sjoernalistyk ûnder de Seisdeiske Oarloch, yn 1967, útein as oersetter fan Ingelsktalige kranten foar it Nederlânske deiblêd De Tijd. Letter datselde jiers krige er in fêste oanstelling as korrespondint yn 'e Britske haadstêd Londen.
Nei't De Tijd yn 1973 opdoekt wie, fûn Thomas nij wurk by de omrop NCRV, dêr't er û.m. bydroech oan 'e aktualiteiterubryk Hier en Nu. Yn dy tiid waard it noch as bysûnder ornearre dat in roomsk sjoernalist foar in protestantske omrop wurke. Yn 1979 stapte Thomas oer nei de NOS, en waard er yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. ferslachjouwer foar it NOS Journaal, en dêrnjonken ek foar de Haagsche Courant. Dy posysje behold er oant 1986, doe't er opfolge waard troch Charles Groenhuijsen. Neitiid wied er oant 1990 wer korrespondint yn Londen, en dêrnei yn Brussel.
Haye Thomas ferstoar yn 1996 yn Hilversum mei 59 jier oan in hertstilstân, wylst er ûnderweis wie nei it de opnamen fan it EO-programma Het Elfde Uur, dêr't er as haadgast meiwurkje soe oan in fraachpetear. De duorjende populariteit dy't Thomas hie ûnder de Nederlânske tillefyzjesjoggers die bliken doe't er ein jannewaris 2006, rom njoggen jier nei syn ûntidich ferstjerren, tegearre mei Charles Groenhuijsen útkeazen waard ta bêste ferslachjouwer yn fyftich jier NOS Journaal.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |