Haworth | ||
Haworth, buorren | ||
Polityk | ||
Lân | Ingelân | |
County | West Yorkshire | |
Regio | Yorkshire and the Humber | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.379 (folkstelling 2011) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+0 | |
Offisjele webside | ||
Haworth Online |
Haworth is in doarp yn it Ingelske greefskip (county) West Yorkshire. Haworth leit yn de high Pennine moors.
Haworth is foaral bekend om't it wenplak fan de susters Brontë west hat. Charlotte Brontë, Emily Brontë, Anne Brontë waarden berne yn Thornton, mar al har wurk hawwe sy skreaun yn Haworth, dêr't harren heit dûmny wie. De pastorij is no in museum (The Brontë Parsonage), it besit fan de Brontë Society. It lange-ôfstân-kuierpaad Brontë Way rint troch Haworth.
Fierders komme de toeristen nei Haworth ta fanwege de stoomtrein dy't it plak oandocht oer in âld spoar (de Keighley and Worth Valley Railway).
- Haworth, The Black Bull
- Ynterieur Rose & Co. Apothecary
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Haworth fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.