De Hawaï-eilannen.

De Hawaï-eilannen, sekuerder de Hawaiï-eilannen (Ingelsk: Hawaiian Islands; Hawaïaansk: Mokupuni o Hawai‘i), binne in arsjipel besteande acht grutte eilannen, ferskate atollen en in grut tal lytsere eilantsjes en ûnderseeske bergen dy't likernôch midden yn 'e Stille Oseaan leit. Foarhinne stiene de Hawaï-eilannen bekend as de Sandwicheilannen, in namme dy't har yn 1778 taparte wie troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, ta eare fan 'e doetiidske Britske minister fan Marine, John Montagu, 4e greve fan Sandwich. De hjoeddeiske namme is ôflaat fan 'e namme fan it grutste eilân, Hawaï.

Geografy

De Hawaï-eilannen lizze likernôch sintraal yn 'e Stille Oseaan, en hawwe mei-inoar in oerflak oan lân dat 16.636½ km² beslacht. De eilannegroep, dy't foarme is troch fulkanyske aktiviteit, strekt him út oer in ôfstân fan 2.400 km², fan it eilân Hawaï yn it súdeasten oant it atol Kure yn it noardwesten. It tichtsbye fêstelân leit op 3.000 km ôfstân. Utsein it eilân Midway, dat in ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten is, wurdt de hiele arsjipel bestjoerd as de Amerikaanske steat Hawaï.

Grutte eilannen

Der binne 8 gruttere eilannen yn 'e arsjipel, dy't bekendsteane as Boppewynske Hawaï-eilannen. Dat binne, fan east nei west:

eilân bynamme oerflak befolking
(teljier: 2010)
befolkings-
tichtens
Hawaï (Hawai‘i) the Big Island 10.432,5 km² 185.000 17,7 de km²
Maui (Maui) the Valley Isle 1.883,4 km² 144.000 76,7 de km²
Oähû (O‘ahu) the Gathering Place 1.545,4 km² 953.000 616,8 de km²
Kauaï (Kaua‘i) the Garden Isle 1.430,5 km² 67.000 46,8 de km²
Molokaï (Moloka‘i) the Friendly Isle 673,4 km² 7.300 10,9 de km²
Lanaï (Lāna‘i) the Pineapple Isle 363,9 km² 3.100 8,6 de km²
Niïhau (Ni‘ihau) the Forbidden Isle 180,0 km² 170 0,9 de km²
Kahoölawe (Kaho‘olawe) the Target Isle 116,5 km² 0 0 de km²

Oare eilannen

Bewesten Niïhau lizze noch 10 lytsere eilannen en atollen en 119 eilantsjes en riffen, dy't allegear ûnbewenne binne. Mei-inoar foarmje dizze eilantsjes de Noardwestlike Hawaï-eilannen of de Underwynske Hawaï-eilannen. De tsien grutsten fan dizze eilannen binne:

  • Nihoa (Mokumana)
  • Necker (Mokumanamana)
  • French Frigate Shoals (Kānemiloha‘i)
  • Gardner Pinnacles (Pūhāhonu)
  • Maro Reef (Nalukākala)
  • Laysan (Kauō)
  • Lisianski (Papa‘āpaho)
  • Pearl and Hermes Atoll (Holoikauaua)
  • Midway (Pihemanu)
  • Kure (Mokupāpapa)
In satellytfoto fan 'e Hawaï-eilannen.

Skiednis

De Hawaï-eilannen hawwe har ûntjûn trochdat de Pasifyske plaat mei in faasje fan likernôch 51 km yn 'e miljoen jier yn 'e rjochting fan it noardwesten oer in fulkanysk aktyf plak yn 'e mantel fan de Ierde hinne skoot. Sadwaande hat it meast súdeastlike eilân (hjoed de dei Hawaï) aktive fulkanen, wylst de oare eilannen dy net mear hawwe. Boppedat is it meast súdeastlike eilân ek it grutste, mei't dizze fulkanysk foarme eilannen meitiid stadichoan belúnje, oant se úteinlik wer yn 'e see fuortsakje. Sadwaande wurde de Hawaï-eilannen ek wat langer wat lytser neigeraden dat men fierder nei it noardwesten ta giet. It âldste eilân is Kure, dat likernôch 28 miljoen jier lyn foarme waard, wylst Hawaï mei in âldens fan 400.000 jier it jongste is. Mear as de helte fan it oerflak fan it eilân Hawaï wurdt yn beslach nommen troch de ûnbidich grutte fulkaan de Mauna Loa, hoewol't ien fan 'e oare fjouwer fulkanen op it eilân, de Mauna Kea, mei in hichte fan 4.205 m heger is.

Om 300 (n.Kr.) hinne arrivearren de earste minsken op 'e Hawaï-eilannen, dat Polyneziërs wiene dy't nei alle gedachten fan 'e Markwesaseilannen yn it hjoeddeiske Frânsk-Polyneezje kamen. In twadde migraasjeweach, mei kolonisten fan Raiateia en Bora Bora (ek yn Frânsk-Polyneezje), folge yn 'e alfde iuw. Mooglik wie de Spaanske seefarder Ruy López de Villalobos yn 1542 de earste Jeropeaan dy't de Hawaï-eilannen ûntdiek, mar dêr is gjin goed ferslach fan en sadwaande is dizze 'ûntdekking' omstriden. It earste dokumintearre besyk fan in Westerske ûntdekkingsreizger oan 'e Hawaï-eilannen fûn plak op 18 jannewaris 1778, doe't de Britske seefarder James Cook de arsjipel oandie. Ta eare fan 'e doetiidske Britske minister fan Marine, John Montagu, 4e greve fan Sandwich, neamde Cook de troch him ûntdutsen eilannegroep de Sandwicheilannen. Omtrint 1840 kaam lykwols ek yn it Ingelsk de lânseigen namme Hawai‘i yn gebrûk.

Bestjoerlik waarden de eilannen yn 1795 troch kening Kamehameha de Grutte feriene ta ien lân, it Keninkryk Hawaï. Geandewei de njoggentjinde iuw setten har almar mear Amerikanen op 'e arsjipel nei wenjen, mar de eilannen bleaune in ûnôfhinklike steat oant de kolonisten yn 1893 by de steatsgreep tsjin de Hawaïaanske monargy de lêste regearjende monarch, keninginne Lili‘uokalani, ôfsetten. Neitiid waard de Republyk Hawaï útroppen, wêryn't de blanke kolonisten it foar it sizzen hiene, oant de eilannen yn 1898 anneksearre waarden troch de Feriene Steaten. Neitiid foarme de arsjipel it Amerikaanske Territoarium Hawaï oant it gebiet yn 1959 as de fyftichste steat talitten waard ta de Amerikaanske Uny.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.