De haven fan Rotterdam by nacht

In haven is in plak dêr't skippen oanlizze kinne. De beneaming wurdt ek brûkt foar it plak dêr't fracht skipe en lost wurdt. In ankerplak dêr't gjin minsken as guod oan de wâl brocht wurde, wurdt in ree neamd.

De haven fan Shanghai is de grutste haven fan de wrâld, Singapore is nûmer 2. De haven fan Shanghai sloech yn 2010 goed 29 miljoen konteners oer, jusjes mear as de 28,4 miljoen konteners yn Singapore. De haven fan Rotterdam is wat beide kriteria oanbelanget de grutste haven fan Europa.[1]

Soarten havens

  • binnenhaven
  • ynstekhaven
  • jachthaven (wettersporthaven)
  • marinehaven
  • natuerlike haven
  • stedshaven
  • strafhaven, in haven dêr't skippen hinne tôge wurde dy't in oertreding dien hawwe
  • fiskershaven (sjoch ek: Letterkoade fan de thúshaven)
  • wenhaven (foar wenboaten)
  • seehaven
  • mainport

It wurd haven wurdt ek brûkt foar plakken dy't wat funksje oanbelanget op havens lykje:

Top 10 havens yn de wrâld 2008 (metryske tonnen frachtoerslach)

Ranglist Wrâld Haven / Stêd Lân Frachtoerslach yn miljoen ton [1]
1SingaporeSingapore515
2ShanghaiFolksrepublyk Sina508
3RotterdamNederlân430
4TianjinFolksrepublyk Sina365
5NingboFolksrepublyk Sina362
6GuangzhouFolksrepublyk Sina347
7QingdaoFolksrepublyk Sina278
8Hong KongHong Kong259
9QinhuangdaoFolksrepublyk Sina252
10DalianFolksrepublyk Sina246


Top 10 fan havens yn Europa 2010 (metryske tonnen oerslach)

Ranglist Europa Ranglist Wrâld Haven / Stêd Lân Frachtoerslach yn miljoen ton [1]
13RotterdamNederlân430
217AntwerpenBelgje178
329HamburchDútslân121
438AmsterdamNederlân91
541MarseilleFrankryk86
650Le HavreFrankryk71
752Bremen / BremerhavenDútslân69
856AlgecirasSpanje66
958ValenciaSpanje64
1068Grimsby / ImminghamFeriene Keninkryk54

Wichtige havens yn Nederlân


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 World Port Rankings 2008 - AAPA (American Association of Port Authorities, rieplachte 14 augustus 2010
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.