In Amerikaanske see-earn.
Dizze side giet oer it taksonomyske skift fan 'e rôffûgels, de Accipitriformes. Foar "rôffûgel" yn 'e sin fan in fûgel dy't in rôfdier is, sjoch: predaasje.

De rôffûgels (Accipitriformes), ek wol haukeftigen neamd, foarmje in skift fan de fûgels dat bestiet út fleisiters. Ta dit skift hearre lykwols net alle fûgels dy't ornaris as rôffûgel (d.w.s. in fûgel dy't predator is) beskôge wurde: de ûle-eftigen (Strigiformes) en giereftigen fan de Nije Wrâld (Cathartiformes) binne susterkloften fan 'e rôffûgels, wylst de falkeftigen (Falconiformes) in folslein oare groep foarmje.

De rôffûgels hawwe allegear sterke poaten mei skerpe kloeren. Fierder hawwe se in skerp sicht, wat se fansels ek nedich hawwe by de jacht. Hast alle rôffûgels jeie fanút de loft, in inkele soart jeit op de grûn (lykas de siktarisfûgel). Ek binne der soarten dy't net libbene proai fange mar harren spesjalisearre hawwe yn it iten fan ies.

Taksonomy

Fan âlds waarden de rôffûgels ferdield yn fiif famyljes. Koartby is lykwols troch genetysk ûndersyk oan it ljocht kommen dat se net ien taksonomyske groep foarmje, mar ynstee twa net nau besibbe groepen foarmje dy't in parallelle ûntwikkeling trochmakke hawwe. Sadwaande foarmje de falkeftigen (Falconiformes) no in selsstannich skift, dat net mear ta de rôffûgels rekkene wurdt.

  • skift rôffûgels (Accipitriformes)

Ek de yndieling fan 'e boppesteande groepen is ûnderdiel fan in wrâldwide diskusje as gefolch fan DNA-ûndersyk. De famylje gieren fan de Nije Wrâld wurdt fan gefolgen no ek wol sjoen as ûnderdiel fan it skift fan 'e eibereftigen. Ek wurdt troch guon ûndersikers wol tocht dat it better is alle famyljes fan it rôffûgelskift dêryn ûnder te bringen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.