hauk | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Accipiter gentilis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De hauk (Accipiter gentilis) is in krêftige rôffûgel út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae) en de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers (Accipitrinae).
Beskriuwing
In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken de 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede wjukken en in lange, hast fjouwerkante sturt. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it each, in swarte krún en donkere fearren yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppe-oan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize bannen. It wyfke is folle grutter mei boppe-oan in laaigriis nei brunich fearrekleed en ûnderoan griis mei tinne brunere bannen. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en ljocht mei brune lingtestreekjes ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend.
In hauk is in stille fûgel. Allinnich yn de briedtiid kin men fan ferskate soarten gekekker hearre. Yn Euraazje wurdt de mantsjehauk maklik betize mei de sparwer (Accipiter nisus), mar is wat grutter, swierder en hat wat langere wjukken.
Fretten
De hauk fangt middelgrutte fûgels en sûchdieren. Haadproaien yn Nederlân binne postdo, houtdo, houtekster en knyn. Yn terrein mei in soad dekking jaget de hauk fan in sitplak of yn in lege flecht, om in proai te ferrassen. Dêrby kin de fûgel op koarte stikken in relatyf hege snelheid (80 km/o) ûntwikkelje. Hauken fange benammen de soarten dy't yn harren habitat in protte foarkomme. Faak is te sjen hoe't in hauk út in sirkeljende flecht wei, lykas in sljochtfalk, op in proai dûkt.
Fuortplanting
In spantsje hauken hat faakin stikmannich nêsten yn harren territoarium, dy't fan jier ta jier wiksele wurde om parasiten tsjin te gean, mar makket dochs maklik in nij nêst. Dat nêst, ek wol hoarst neamd, wurdt mei deade tûken heech yn de beamkrún boud yn in gaffelfoarmige tûke, of oanlynjend tsjin de stamme.
De hauk leit 1 - 5 blauwite aaien, meastal trije of fjouwer. By it brieden ferfearje de mantsjes en wyfkes en kinne maklik rudefearren ûnder it nêst lizze fan benammen it wyfke, trochdat dy mear oan it nêstgebiet bûn is. Haukejongen dy't ree binne om it nêst te ferlitten begjinne mei fleanoefenings. De âlden lizze dan proaien op de râne fan it nêst, wêrtroch't de jongen fladderjend nei de râne geane. En ynienen dûke se spontaan fan it nêst as (hast) follearde fleanders. De hauk hat in karakteristyk flechtpatroan: trage klap fan de wjukken, trage klap en dan glydflecht rjocht foarút.
Se bliuwe harren hiele libben yn itselde territoarium, mar de hauken út noardlike streken migrearje súdoan om te oerwinterjen.
Fersprieding
De hauk komt benammen foar yn boskgebieten yn matige streken fan it noardlik healrûn. Lânbougrûnen wurde lykwols ek faak brûkt en hjir en dêr wurde se ek al yn stêden sjoen (Amsterdam en Rotterdam).
Jachttechnyk
De hauk set him ûnferweechlik op in tûke en wachtet oant er in proai sjocht. As er de proai keazen hat, set er him ôf en fladderet in pear kear mei de wjukken. Mei syn wjukken hast hielendal tsjin it lichem stoart er him hurd-hurd troch beammen en strewellen op syn proai ôf oant er dy hat.
Taksonomy
De hauk telt sân Eurazyske en trije Noardamerikaanske ûndersoarten. De Noardamerikaanske ûndersoarten wurde tsjintwurdich wol as in aparte soarte (Amerikaanske hauk) behannele:
- hauk of Eurazyske hauk (Accipiter gentilis)
- Accipiter gentilis buteoides: Noard-Euraazje
- Accipiter gentilis albidus: NE Sibearje
- Accipiter gentilis schwedowi: NE Aazje
- Accipiter gentilis fujiyamae: Japan
- Accipiter gentilis gentilis: Noard- en Sintraal-Jeropa
- Accipiter gentilis marginatus: Itaalje, Balkan oant Iran
- Accipiter gentilis arrigonii: Korsika en Sardynje
- Amerikaanske hauk (Accipiter atricapillus)
- Accipiter gentilis/atricapillus atricapillus: Noard-Amearika útsein SW Kanada, SW USA, NW Meksiko
- Accipiter gentilis/atricapillus laingi: SW Kanada
- Accipiter gentilis/atricapillus apache: SW USA, NW Meksiko
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Accipiter gentilis fan Wikimedia Commons. |