De Hatsumer Opfeart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint súdwest fan Dronryp yn de polder Hatsum yn noarwestlike rjochting nei it Van Harinxmakanaal.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme Hatsumer Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Hatsumeropvaart.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.