De Hasseberg (yn Dútslân Hasselberg) is it heechste punt fan de Nederlânske provinsje Grinslân.
De 'berch', mear in hichte, leit op 14,2 meter + NAP en sa'n bytsje 2 km beëasten Sellingen (gemeente Vlagtwedde). Fuort efter de top leit de grins mei Dútslân.
De namme soe komme fan Hasje, in âld wiif (neffens guon in tsjoenster) dy't dêr wenne en neffens de sêge, nachts iensume reizgers mei in fjurke lokke mei it gefolch dat sy yn de sompen fan dy kontrei fersûpten.
Yn it ferline waard de Hasseberch as ies brûkt. De hichte is no in natoergebiet.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.