Universiteit fan Harvard
It Harvard plein
It Harvard plein
Namme
Ynternasjonale nammeHarvard University
BiedwurdVeritas (wierheid)
Lokaasje
LânFeriene Steaten
PlakCambridge (Massachusetts)
Oare bysûnderheden
TypePrivee
Oprjochting1636
Tal studinten20.042 (2006)
Tal meiwurkers2.107 akademysk
2.497 administraf
10.674 medysk
Offisjele webside
www.harvard.edu

De Universiteit fan Harvard (Ingelsk: Harvard University) is in universiteit yn Cambridge, Massachusetts, Feriene Steaten. De universiteit waard yn 1636 oprjochte troch Ingelske kolonisten dy't ferlet hienen fan in skoalle foar geastliken. Ut dy skoalle ûntstie de Harvard University, en is dêrmei de âldste universiteit fan de Feriene Steaten.

Harvard einiget faak hiel heech yn ynternasjonale listen fan goede universiteiten. Ferskate âld-studinten fan Harvard binne letter Nobelpriiswinner of presidint fan de Feriene Steaten wurden.

De âldste bibleteek fan de Feriene Steaten is dy fan Harvard en is ek de grutste universiteitesbiblioteek fan de wrâld.

Fakulteiten

  • Harvard Faculty of Arts and Sciences (keunsten en natoerwittenskippen)
  • Harvard Medical School (genêskunde)
  • Harvard School of Dental Medicine (toskedoktersskoalle)
  • Harvard Divinity School (religy en teology)
  • Harvard Law School (rjochten)
  • Harvard Business School (hannelsskoalle)
  • Harvard Graduate School of Design (architektuer en design)
  • Harvard Graduate School of Education (pedagogy)
  • Harvard School of Public Health (folkssûnens)
  • John F. Kennedy School of Government (bestjoerskunde, planology, en ynternasjonale ûntwikkeling)

Ferneamde studinten

Keppeling om utens

Commons Commons: Harvard – foto, fideo en harktriemmen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.