Hartog Beem
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHartog Beem
nasjonaliteit Nederlânsk
berne13 desimber 1892
berteplakHurderwyk
stoarn1 desimber 1987
stjerplakRotterdam
wurkpaad
berop/amtlearaar Dútsk
aktyf asSkiedkundige

Hartog Beem (Hurderwyk, 13 desimber 1892 - Rotterdam, 1 desimber 1987) wie in learaar Dútsk en pionier op it mêd fan de mediene-skiednisskriuwerij en saakkundige fan it Westjiddysk.

Wurkpaad

Beem waard grutbrocht yn de lytse joadske gemeente fan Hurderwyk. Nei it heljen fan de MULO en de kweekskoalle waard hy ûnderwizer, ûnder oaren yn De Helder en Zierikzee. Yn de jûnsoeren studearre er Dútsk. Augustus 1929 folge syn beneaming as learaar Dútsk oan de gemeentlike HBS yn Ljouwert, dat soe er bliuwe oant 1958. Yn de jierren 1940-1942 wie er rektor fan it Joadsk lyseum yn Ljouwert, dêrnei moast er mei syn frou ûnderdûke. Beem wie ek tige aktyf yn de Joadske gemeente Ljouwert, sa joech er les yn joadske skiednis en yn Jiddysk.

Nei de oarloch sette Beem útein mei de Joadske skiedskriuwing, benammen oer de mediene, de joadske mienskippen bûten Amsterdam, mar ek oer bygelyks Israel en it sionisme. Syn kollums ferskynden yn it Nieuw Israëlietisch Nieuwblad.

Privee

Yn 1920 boaske Beem oan Rosette Kannewasser († 1973), sy krigen trije bern. De âldste ferlear al foar de oarloch it libben by in autoûngemak. De twa oare bern waarden yn de oarloch fermoarde yn in ferneatigingskamp.

Wurk (karút)

  • Jeroscha (1959)
  • Uit Mokum en de mediene (1974)
  • De Joden van Leeuwarden, Van Gorkum, Assen (1974)
  • Pinkas, Geschiedenis van de Joodse Gemeenschap in Nederland, mei J. Michman, en D. Michman ; Ede/Antwerpen 1985, Kluwer/ Jeruzalem 1985, Yad Vashem.
  • De Verdwenen Mediene, Mijmeringen over het vroeger joodse leven in de provincie

Priis

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.