Swaben yn it Dútske keninkryk
Tastân om 1000 hinne, dêr't yn oranje it Hartochdom Swaben en yn grien Opperboergonje
Wapen fan de Staufers út de 13e iuw

It Hartochdom Swaben (Dútsk: Herzogtum Schwaben) wie ien fan de fiif stamhartochdommen fan it Eastfrankyske Ryk. It wie it stamgebiet fan de Alemannen of Sueven, dy't der yn de Lette Aldheid festigen.

Wylst it histoaryske gebiet Swaben syn namme fan de Sueven krige, dy't yn de trijehoeke tusken de Donau en de Ryn wennen, wie it stamhartochdom folle grutter. De Fogezen yn de Elsas wie de westgrins, wylst de rivier de Lech de eastgrins wie. De súdgrins gie by de Gotthardpas yn Switserlân en Chiavenna (Kleven) yn Noard-Itaalje lâns. As de namme fan it stamhartochdom waard beide "Alemanje" en "Swaben" brûkt, mar yn de rin fan de alfde iuw waard "Swaben" almeast brûkt.

It hartochdom wie útroppen troch paltsgreve Erganger fan de Alaholfingers yn 915. Hy gie de alliânsje oan mei syn tsjinstanner Boergard II fan de Hûnfridingers en hja fersloegen Koenraad I fan Franken, dy't de Eastfrankyske kening wie.

De wichtichste hearskers fan Swaben wiene de Hohenstaufers dy't de macht holden fan 1079 oant 1268, mei útsûndering fan in koart skoftke. Ek foar it grutste part yn dy perioade wienen hja keizers fan it Hillige Roomske Ryk.

Nei in iuwenlang skeel mei it Hûs Zähringen, skate it Markgreefskip Baden him fan it stamhartochdom yn de tolfde iuw ôf. It oerbliuwende diel bleau as stamhartochdom bestean oant 1268 mei it ûnthalzjen fan de lêste Hohenstaufske hartoch Konradyn. Greve Rudolf fan Habsburch, dy't ta kening fan Dútslân keazen waard yn 1273, besocht it stamhartochdom nij libben te jaan en liet it oergean nei syn jongste soan, de lettere hartoch Rudolf II fan Eastenryk, dy't it op syn bar neiliet oan syn soan Jan Parrisida. Jan stoar sûnder opfolgers yn 1312 of 1313 en dat betsjutte de ein fan it stamhartochdom, allyksa de hartochstitel.

Allemanje

De Wikipedy hat ek in side Alemannen.

Yn 496 waarden Alemannyske stammen troch de Frankyske kening Klovis ferslein, waarden ynlive yn it Frankyske Ryk en waarden regearre troch oanstelde hartoggen dy't ôfhinklik fan de Frankyske keningen wiene. Yn de sânde iuw waarden de Alemannen kerstene en bisdommen waarden oprjochte yn Augsburg en Konstanz en yn de achtste iuw waarden grutte abdijen yn Reichenau en St.Gallen boud.
De Alemannen krigen yn de sânde iuw in soad selsstannigens werom, dêr't hja ûnder Frankyske beskerming stiene. Yn 709 besette kening Pepyn fan Herstal it gebiet lykwols wer en Karel Martel twong harren yn 730 wer ta ôfhinklikens. De saneamde Bloedried fan Cannstatt yn 746 betsjutte de ein fan it âlde stamhartochdom en de Alemannen kamen no ûnder folslein Frankysk bewâld. Kening Pepyn de Koarte skafte de titel fan stamhartoch ôf en fan doe ôf waard Alemanje troch in paltsgreve regearre. Kening Karel de Grutte boaske yn 771 mei de Alemannyske prinses Hildegarde fan de Vinzgau.

Foarming fan in nij hartochdom

Alemanje waard ferdield yn ferskate goaen en krige de foarm dy't it hold troch de rin fan de Midsiuwen. It gebiet wie besuden it Frankyske stamgebiet Austraasje, letter it stamhartochdom Franken en de rivier de Lech foarme de grins mei it stamhartochdom Beieren. Dy grins wie, yn etnografyske en geografyske sin, net in sterke grins, want der wie te sprekken fan in aardige ferbining tusken de twa folken.
Neffens it Ferdrach fan Verdun yn 843 kaam Alemanje by it Eastfrankyske Ryk te hearren. Yn de neidagen fan de Karolingyske tiid, doe't it bewâld swakker waard, waarden de greven hieltyd mear selsstanniger en ûntstie der in machtstriid tusken harren en de biskoppen fan Konstanz. Fan 900 ôf wiene der twa grutte dynastyen dy't nei foarren kamen: de Hûnfridingers út Raetia (Churrätien) en de Alaholfingers út it Baargebiet om de rivieren de Neckar en Donau. Harren leden waarden bytiden markgreven neamd en bytiden, sa as bygelyks mei Rudolf fan Raetia, hartoggen neamd. Ta einbeslút waard de Hûnfridinger greve Boergard I as dux fan Alemanje neamd. Hy waard lykwols yn 911 fermoarde, dêr't twa Swabyske paltsgreven, Bertold en Erganger, beskuldige waarden fan ferrie. Erganger ferklearre himsels ta hartoch yn 915, mar waard twa jier letter ombrocht op befel fan de Dútske kening Koenraad I.
Nei Ergangers terjochtstelling, naam Boergard II, soan fan Boergard Is silger en greve fan Raetia, de titel fan hartoch oan. Boergard fersekere syn macht mei it ferdigenjen fan de goa Thurgau tsjin de oanspraak fan kening Rudolf II fan Boergonje yn de Slach by Winterthur yn 919. Rudolf besocht syn gebiet út te wreidzjen oant de Boadenmar. Hy besocht de Alaholfingers en Hûnfridingers tsjin inoar út te spyljen. Hy besette de Palts yn Zürich en luts ta de goa Thurgau yn. Hy waard ferslein troch Boergard en waard twongen Zürich efter te litten en hy luts him werom efter de Reuss. Hartoch Boergard waard erkend troch de nij keazen kening, de Saksyske hartoch Hindrik de Fûgelder.

Jongere stamhartochdom

Stamhartochdommen yn it Keninkryk Dútslân 919-1125, mei Swaben yn ljocht oranje

Boergard syn posysje wie praktysk selsstannich en doe't er yn 926 ferstoar waard er troch Herman I, in Frankyske ealman dy't mei syn widdo boaske, opfolge. Doe't Herman yn 948 ferstoar, joech keizer Otto de Grutte it stamhartochdom oan syn soan Liudolf, dy't mei Hermans dochter Ida troud wie. Hy beheinde de hartochlike privileezjes en stelde paltsgreven oan om de keninklike belangen yn de gaten te hâlden. Liudolf kaam dêrfoar yn ferwar en waard oan de kant setten. Oare hartoggen kamen en giene. Boergard III, soan fan Boergard II, regearre fan 954 oant 973, doe't er opfolge waard troch Liudolf syn soan Otto I, neitiids hartoch fan Beieren, oant 982 en Koenraad I, in famyljelid fan Herman I, oant 997. Herman II, mooglik in soan fan Koenraad, waard dêrnei hartoch en waard nei syn dea yn 1003 opfolge troch syn soan Herman III. Yn dy jierren wiene de Swaben trou oan de keningen fan it Saksyske Hûs, wierskynlik troch de ynfloed fan de biskoppen. Herman III hie gjin bern, dus waard er opfolge troch Ernst II, soan fan syn suster Gisela en Ernst I, markgreve fan Eastenryk. Ernst II wie noch minderjierrich dus naam syn heit Ernst I de taken wier oant syn dea yn 1015, doe't Gisela de taken oernaam. Gisela boaske dêrnei mei Koenraad, hartoch fan Franken, dy't neitiids ta Dútske kening keazen waard as Koenraad II. Doe't Ernst II mearderjierrich waard, krige er gauris spul mei syn styfheit, dy't him oan de kant sette yn 1030 yn it foardiel fan Gisela har twadde soan Herman IV. Doe't dy ferstoar yn 1038 krige Gisela har soan mei Koenraad, Hindrik it hartochskip. Yn 1045 joech Hindrik, dy't wilens Dútske kening Hindrik III wurden wie, Alemanje oan Otto, pakesizzer fan keizer Otto II en paltsgreve fan de Ryn, en yn 1048 oan Otto III, greve fan Schweinfurt. Rudolf fan Rheinfelden wie de folgjende hartoch en yn 1077 waard er keazen as tsjinkening fan keizer Hindrik IV. Rudolf krige net in soad stipe út Swaben en keizer Hindrik joech Swaben oan syn trouwe freon Freark I fan Hohenstaufen.

Under de Hohenstaufers

Freark moast foar syn posysje fjochtsje mei Bertold, soan fan Rudolf en syn sweager Bertold II, hartoch fan Zahringen. Freark II folge syn heit yn 1105 op, dy't wer opfolge waard troch Freark III, de lettere keizer Freark Barbarossa. De eardere Hohenstaufers fuortsterken de keizerlike eigendommen yn Swaben, dêr't hja in soad stipe krigen, mar tsjerklike ynfloeden wiene dêr ek noch al grut. Yn 1152 joech Barbarossa it stamhartochdom oan syn neef Freark IV, greve fan Rothenburg en hartoch fan Franken. Doe't Freark IV yn 1167 ferstoar, gie it stamhartochdom nei de trije soannen fan Barbarossa, dêr't de jongste soan Filips yn 1198 ta Dútske kening keazen waard. Yn syn striid foar it keningskip, garre Filips in soad stipe út Swaben op en it stamhartochdom bleau yn keninklike hannen ûnder de Welfske keizer Otto IV en kaam yn 1214 ta Freark II. Freark skonk Swaben oan syn soan Hindrik VII en, nei dy syn rebûlje yn 1235, oan syn oare soan Koenraad IV. Koenraad syn soan Konradyn, dy't yn 1266 nei Sisylje tôge en meitsje der oanspraak op, sei de erfskip fan Swaben ta oan greve Ulrich II fan Wuertemberch. It stamhartochdom rekke nei Konradyn syn dea yn 1268 sûnder tafersjoch.

Neitiids

It gebiet fan it stamhartochdom waard ferdield ûnder it gebiet fan it markgreefskip Baden, it greefskip Wuertemberch en it eastlike part kaam oan Beieren. Yn 1512 ferdielde keizer Maksimiliaan I it ryk yn Kreitsen en it gebiet fan de Swabyske Kreits kaam hast oerien mei dy fan it stamhartochdom.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.