Hartemûzen
In hartemûs.
In hartemûs.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
famylje:wrotmûseftigen (Cricetidae)
(ynformeel):mûzen en rotten fan de Nije Wrâld
ûnderfamylje:Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae)
tûke:hartemûzen (Reithrodontomyini)
Vorontsov, 1959

De hartemûzen (wittenskiplike namme: Reithrodontomyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae). Ta dizze tûke hearre sa'n 95 soarten dy't foarkomme yn Noard- en Súd-Amearika. De namme "hartemûzen" is har taparte om't se krekt as harten útsûnderlik goede dravers en springers binne.

Tûke-opbou

  • tûke hartemûzen (Reithrodontomyini)
    • skaai Bensonomys
    • skaai Cimarronomys
    • skaai Floaridamûzen (Podomys): 1 soarte
    • skaai Jacobsomys
    • skaai lâningterotten (Isthmomys): 2 soarten
    • skaai Meksikaankse fulkaanmûzen (Neotomodon): 1 soarte
    • skaai Misjoäkaanske hartemûzen (Osgoodomys): 1 soarte
    • skaai nôtmûzen fan de Nije Wrâld (Reithrodontomys): 22 soarten
    • skaai reuzehartemûzen (Megadontomys): 3 soarten
    • skaai Symmetrodontomys
    • skaai sprinkhoanmûzen (Onychomys): 3 soarten
    • skaai ûnechte hartemûzen (Habromys): 7 soarten
    • skaai wytpoatmûzen of echte hartemûzen (Peromyscus): 55 soarten
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.