Harmen (Harm) de Boer (Wergea, 30 juny 1887 - Ljouwert, 20 maaie 1941) wie in ûnderwizer en politikus.
Nei de kweekskoalle hat De Boer ûnderwizer west yn Penjum, oant 1907, en yn Ljouwert fan 1907 oant 1918. Yn 1914 waard er sekretaris foar de SDAP foar it gewest Fryslân. De Boer wie warber foar de gehielûnthâlding en wie tusken 1930-1933 Twadde Keamerlid.
Hy kaam yn de Keamer tsjin it sin fan it partijbestjoer dat de foarkar joech oan Koos Vorrink. Yn de Keamer wie er ûnder mear dwaande mei binnenskippers, lânbou, yndustry en it Frysk. Yn 1930 ynterpellearre er minister Paul Reymer oer de needtastân yn de binnenskipperij. Yn 1933 waard er wol troch de gewestlike fergadering op it earste plak fan de Fryske kandidatelist set, mar it partijbestjoer sette him op it twadde plak efter Pieter Hiemstra. Dêrnei waard er ek net nochris keazen.
Dêrnei, yn 1936, waard er wer gewestlik sekretaris en partijpropagandist SDAP foar it noarden. Hy wie boppedat fan 1939 ôf gemeenteriedslid en wethâlder fan Ljouwert en lid fan de Fryske Steaten.
Harmen wie in soan fan feehâlder Tiemen Martens de Boer, dy't ien fan de oprjochters fan de SDAP-ôfdieling Wergea en ek provinsjaal politikus wie.
Hy kaam te hôf yn Eagum.
Keppeling om utens
- (ned) H. (Harm) de Boer, Parlemint & Polityk
- (ned) De Boer yn it Biografysk portaal fan Nederlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Boer, Harm de. |