Harlingerlân op de kaart fan de Fryske Seelannen.

It Harlingerlân is in histoaryske krite yn East-Fryslân by de Waadsee del. Tsjintwurdich wurdt mei it Harlingerlân meastal it hiele distrikt Wittmund bedoeld. It histoaryske Harlingerlân komt meastepart oerien mei it noarden fan it distrikt.

Yn it Harlingerlân wurdt troch in protte minsken in dialekt fan it Eastfryske Nederdútsk sprutsen mei in wat ôfwikende útspraak. Yn it gebiet waard noch relatyf lang Frysk sprutsen yn fergeliking mei de oare Fryske goaen.

Skiednis

Harlingerlân nimt in bysûnder plak yn de skiednis fan East-Fryslân yn. Yn de tiid fan de Fryske Seelannen wie de krite bekend ûnder de namme Herlogoa en hat it him fan de 11e iuw ôf út stikken fan de goaen Norderlân en Wangerlân opboud. Fan 1237 ôf komt it gebiet as politike namme foar, sûnt dy tiid waarden de bewenners fan dit gebiet ek belutsen yn de Fryske oarlochsfiering.

Neidat Sibet Attena, de foaroanman fan it gebiet, yn de jierren 1454-1455 de hearskippen fan Easens, Wittmund en Stedesdorf feriene hie, bewarre hy mei dy lannen lange tiid nei it einigjen fan de Fryske Frijheid en it tiidrek fan de Haadlingen harren selsstannigens. Lange tiid gie dit goed en libben de lannen neist- en mei-inoar, mar nei ferrin fan tiid kamen der konflikten mei de famylje Sirksena, de lânshearen fan East-Fryslân. Yn it bysûnder wienen Harlinger haadling Hero Omken en syn soan Balthasar fan Easens striidber.

Yn 1530 naam Greve Enno II Harlingerlân mei syn leger yn. Balthasar flechte nei it Greefskip Rietberch, mei de lânshearen fan dy krite wie er nau besibbe. Dêr wei gie er nei Hartoch Karel fan Gelre. Dy holp Balthasar om yn 1531, yn it Gelderske Skeel, Harlingerlân werom te winnen. Dêrop stelde Balthasar syn lân ûnder it regear fan Karel fan Gelre, as hearlikheid. Dêrmei ferlear Harlingerlân syn selsstannigens.

Nei de dea fan Balthasar yn 1540 kaam it lân yn hannen fan de greve fan Rietberch, omdat Balthasar sels gjin bern hie. Balthasar syn suster, Ona, wie ek greve yn Rietberch. Har soan, greve Johann II fan Rietberch, makke, doe't er it lân yn hannen krige noch ien kear oarloch mei East-Fryslân, sûnder inkele oanlieding. Dêrtroch krige er de namme Gekke Johann. It konflikt belune stadichoan. Greve Enno III fan East-Fryslân troude sels mei in dochter fan de greve fan Rietberch. De relaasje bleau net lang yn stân, mar dochs waarden der twa dochters berne, dy’t yn de takomst Harlingerlân erve koenen. Neidat de manlike line fan de Rietbergers útstoarn wie, bleaunen Enno en syn dochter oer. Enno krige it Harlingerlân, syn dochter it greefskip Rietberch.

Sûnt 1600 heart it Harlingerlân by East-Fryslân, al naam Harlingerlân wol in bysûndere posysje yn binnen East-Fryslân. Sa hienen de East-Fryske Stannen gjin ynfloed op Harlingerlân. Tsintwurdich komt dat noch werom yn it tsjerkerjocht. Ek fierden de hearen fan Rietberch, ek sûnder yn it besit te wêzen fan lân yn de krite, de titel ‘Hear fan Esens, Stedesdorf en Wittmund’.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.