Harley Raine
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Harley Rain, Harley Rains,
Harley Raines, Haley Raine,
Mistress Harley
echte nammeYvonne Custard
nasjonaliteit Amerikaansk
berne23 septimber 1972
berteplakNew York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf1995 – no
offisjele webside
www.xxxharleyraine.com

Harley Raine, echte namme: Yvonne Custard (New York, 23 septimber 1972), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en prostituee, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Harley Rain, Harley Rains, Harley Raines, Haley Raine. Fierders hat se ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Mistress Harley.

Libben en karriêre

Harley Raine is hikke en tein yn New York. Mei 23 jier sette se 1995 útein mei in karriêre as stripper, wêrby't se fia-fia yn kontakt kaam mei de Amerikaanske pornoyndustry. Twa jier letter, yn 1997, makke se har debút yn in pornografyske film, en neitiid spile se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 170 pornofilms.

Dêrby wurke se û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, New Sensations, Devil's Film, Sin City, Vivid Entertainment en Adam & Eve, mar ek wol foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions en Extreme Associates. Fanwegen har romboarstich foarkommen wie Raine ek te sjen yn films fan studio's dy't har talizze op produksjes fan it grutte-boarstesjenre, lykas Napali Video en Big Top Video.

Yn 2012 loek Raine har út 'e pornoyndustry werom, mar neffens har offisjele webside is se noch wol aktyf as stripper en eskort. Neffens har offisjele opjefte is Harley Raine 1.60 m, mei in gewicht fan 45 kg en kupmaat 38DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.