Harley-Davidson, oprjochte yn 1903, is in Amerikaanske produsint fan motorfytsen út de steat Wisconsin. It merk bruts troch doe't yn de Twadde Wrâldoarloch grutte oantallen motorfytsen levere waarden oan it Amerikaanske leger, ûnder de namme Liberator.
Harley-Davidson hat in oanhing fan fanatike fans - wêrûnder Hells Angels - dy't fan gjin krityk op harren merk witte wolle. Der wurde noch altyd in soad fan ferkocht. It eigen lûd fan de motor wurdt tige wurdearre.
Twa jonge motorleafhawwers, William Harley en Arthur Davidson, wurken harren earste motorfyts. Twa bruorren fan Arthur, Walther en William, kamen der al gau by it duo, mar in ûnbekend bleaune Dútske ymmigrant, dy't de Frânske "De Dion" motor kende, joech de trochslach by it opsetten fan harren bedriuw. Yn 1903 ferskynde in iensilinder motorfyts mei in fermogen fan 3 PK.
Yn de kultfilm Easy Rider spilen HD-motors fan it type "custom", ek wol chopper neamd, in haadrol. Customs mei harren soad groom en hege stjoeren, binne yn de sechtiger jierren (en lang dêrnei) in hype west.
- Harley-Davidson Model 16C út 1916
- In tige seldsume 22 WJ út 1921, mei in boxermotor
- Harley-Davidson 1000 cc HT 1923
- Harley-Davidson 22 CD iensilinder út 1922
- Harley-Davidson 27 J 1927
- WLA (Liberator)
- Harley-Davidson Duo Glide út 1961
- Aermacchi-Harley-Davidson Turismo Veloce út 1971
- Harley-Davidson XLCR 1000 Café Racer út 1978
- Harley-Davidson FXSTC Softail Custom út 1998
- 2001 883 Sportster Hugger
- Harley-Davidson VRSCA V-Rod út 2001
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |