Harkemase Boys | ||||||||||||||||||||||||||||
Oprjochte | 26 juny 1946 | |||||||||||||||||||||||||||
Plak | De Harkema | |||||||||||||||||||||||||||
Stadion | Sportpark De Bosk | |||||||||||||||||||||||||||
Kapasiteit | 5.000 | |||||||||||||||||||||||||||
Tal fjilden | 5 | |||||||||||||||||||||||||||
Foarsitter | Sippe Heeringa | |||||||||||||||||||||||||||
Trener | Jan Piet Bosma | |||||||||||||||||||||||||||
Kompetysje | Tredde difyzje | |||||||||||||||||||||||||||
|
Harkemase Boys, mei as bynamme De Harkiten, is in fuotbalferiening fan De Harkema. De fuotbalferiening waard stifte op 26 juny 1946 en spilet sûnt 2016 yn de sneons Tredde Difyzje, it twad heechste amateurnivo fan Nederlân. De Harkemase Boys spylje harren thúswedstriden op it Sportpark de Bosk.
Yn 2003 waard de Harkemase Boys foar it earst kampioen yn de Haadklasse C, it doetiidske heechste amateurnivo. It meast súksesfolle seizoen út de klupskiednis wie it seizoen 2008/2009, wêryn't de klup kampioen waard fan de Haadklasse C en Distriktsbeker Noard wûn. Dy lêste priis waard ek yn 2006, 2007, 2011, 2013 en 2015 wûn.
Skiednis
Stifting en earste jierren (1946 - 1952)
De fuotbalferiening Harkemase Boys waard stifte op 26 juny 1946 by in gearkomste fan fuotballeafhawwers yn de naaiskoalle oan de Tsjerkestrjitte yn De Harkema. Dêrfoar wie al besocht om yn it doarp in fuotbalferiening te stiften dy't op sawol sneons as sneins spylje soe. Dit slagge lykwols net, omdat by de gearkomste hjiroer net genôch foarstanners fan it sneonsfuotbal oanwêzich wienen. Mei in advertinsje yn de regionale krante De Feanster waard al genôch animo fûn foar in sneonsferiening.
Oars as in soad oare sneonsferienings hat Harkemase Boys gjin leauwige ynslach.
Al gau nei de stifting fan de Harkemase Boys wienen der súksessen. Der ploech begûn yn de Twadde Klasse FVB, wêryn't twa kear efter elkoar it fjirde plak behelle waard. Yn it tredde jier nei de stifting, it seizoen 1948/1949, waard de klup foar it earst kampioen, wêrtroch't de Boys promovearren nei de Earste Klasse FVB. Nei in tredde plak yn it earste jier yn de Earste Klasse einige Harkemase Boys it seizoen dêrnei op it heechste plak, sûnder in wedstriid te ferliezen. De klup slagge der lykwols net yn te promovearjen, omdat de promoasjewedstriden tsjin DWP fan Sint Jansgea net wûn waarden. Mar yn it tredde seizoen yn de Earste Klasse, fuotbaljiergong 1951/1952, slagge de klup der lykwols al yn om te promovearjen. Yn de kompetysje einige de klup wer boppe-oan en yn de promoasjewedstriden tsjin Makkum wie Harkemase Boys de sterkste.
Haadklasse (1997 - 2010)
Yn 1997 waard Harkemase Boys mei ien punt foarsprong op ONS Snits kampioen fan de Earste Klasse E, wêrtroch't de klup foar it earst promovearre nei de Haadklasse C, it op dat stuit heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De Harkema wist him de neikommende jierren goed stân te hâlden yn dy klasse. Mei trije 7e plakken en in 8e plak die de ploech yn de earste fjouwer jier knap mei yn de middenmoat fan de Haadklasse. Nei in minder jier yn it seizoen 2001/2002, Harkema waard 11e, makke de feriening it seizoen dêrop it oant dat stuit bêste jier út de skiednis troch. Under trainer Sjoerd Jan Eppinga waard de klup yn Wezep tsjin WHC kampioen yn de Haadklasse C. Yn it Algehiel Amateurkampioenskip koenen de Boys gjin fúst meitsje: mei trije likespullen en ien nederlaach is Harkema de minste yn in pûl fan trije.
Yn de jierren nei dit kampioenskip bleau Harkemase Boys meidwaan yn de top en subtop fan de Haadklasse C, mar yn it seizoen 2006/2007 gie it op de kop ferkeard. In tige rûzich jier, wêryn't de klup trije trainers, Willem Weening, Fritz Korbach en Pieter Bijl, fersliet, waard mei in 13e plak yn de kompetysje ôfsletten, wat direkte degredaasje nei de Earste Klasse E betsjutte. Yn de Earste Klasse die bliken dat de Harkiten ûnder de nije trainer Henk de Jong fierstente sterk wienen foar de konkurrinsje. Mei 60 punten (20 oerwinnings en 2 kear ferlern) en in doelsaldo fan 87 doelpunten foar en 22 tsjin waarden de Boys mei 19 punten foarsprong kampioen. De Harkemase Boys kearen sadwaande nei ien jier ôfwêzigens alwer werom op it heechste nivo. Njonken it kampioenskip yn de Earste Klasse E koe Harkemase Boys ek foar it earst de Distriktsbeker Noard op de earelist byskriuwe.
Werom yn de Haadklasse C sette Harkemase Boys de goeie prestaasjes troch. Mei oermacht, in foarsprong fan 11 punten, waarden de Harrekiten kampioen. Opfallend genôch wurdt de klup ek diskear kampioen yn Wezep tsjin WHC. Yn de striid om it Algehiel Kampioenskip komme de Boys út tsjin de kampioenen fan de twa oare sneonshaadklassen, Rijnsburgse Boys en IJsselmeervogels. Ek dizze kear koe Harkemase Boys net op tsjin it geweld út de Haadklasse A en B. Mei ien oerwinning en trije nederlagen waarden de Boys lêste yn de pûl. Lykas yn it jier hjirfoar wûn Harkemase Boys de striid om de Distriktsbeker Noard.
Fuotbaljiergong 2009/2010 stie foar Harkemase Boys yn it ramt fan promoasje nei de nij te foarmjen Topklasse. Mei in twadde plak yn de kompetysje slagge de klup dêr ryklik yn.
Topklasse (2010 - 2012)
By de ynfier fan de Topklasse as nije heechste amateurklasse fan Nederlân wie Harkemase Boys ien fan de 32 klups dy't nei dizze difyzje promovearren. It wie de ienichste Fryske klup dy't dat jier op dit nivo útkaam. Yn it earste jier fan de Topklasse einigen de Harkiten op it tsiende plak. It twadde jier yn de Topklasse wie in stik dreger foar de Friezen. It jier wie sels sa min dat de Boys belies jaan moasten en degradearren nei de Haadklasse C.
Werom yn de Haadklasse (2012 - 2016)
Mei âld-spiler Willem Brouwer as nije trainer en âld-trainer Sjoerd Jan Eppinga as assistint wie de start fan it earste seizoen ûnder dit duo dreech. Harkemase Boys wûn nul kear yn harren earste sân kompetysjewedstriden. Dêrnei gie it wat better draaien, mar de ploech kaam net fjirder as de middenmoat. Wol helle Harkemase Boys foar de sechsde kear de bekerfinale. Dêryn wie grutte rivaal SC Genemuiden de tsjinstanner. Harkemase Boys wûn de finale yn Snits mei 3-2 en pakten sa foar de fyfde kear yn de kluphistoarje de beker.
It twadde seizoen ûnder Brouwer en Eppinga ferrûn yn de kompetysje in stik better. Harkemase Boys einige as twadde, achter Genemuiden. Brouwer waard dêrnei opfolge troch Jan Vlap, Eppiga bleau assistint. Op 14 maaie 2016 waard Harkemase Boys ûnder lieding fan Vlap en Eppinga kampioen fan de Haadklasse C. De Harkiten wûnen de útwedstriid tsjin Flevo Boys mei 6-1 en wienen dêrmei op de slotdei fan de kompetysje wis fan promoasje. It wie de tredde titel yn de haadklasse foar Harkemase Boys, nei't se yn 2003 en 2009 ek kampioen yn de klasse waarden.[1] Jan Vlap naam nei de titel ôfskied.
Tredde Difyzje (2016 - no)
Troch de promoasje kaam Harkemase Boys yn de Tredde Difyzje, de ferfanging fan de eardere Topklasse (oant seizoen 2014/15). Yn it earste seizoen ûnder lieding fan Henk Herder einigen de Harkiten as achtste, mar de ploech pakte al in perioadetitel. Dêrtroch die Harkemase Boys mei oan de neikompetysje om promoasje nei de Twadde difyzje. Yn de earste omgong wûn Harkemase Boys noch fan UNA, mar yn de finale wie FC Lisse te sterk. Yn it seizoen 2017/2018 einige Harkemase Boys as tolfde. Nei dat seizoen waard Herder opfolge troch Tieme Klompe.
KNFB Beker
De Harkemase Boys hawwe yn it ferline ferskate kearen meidien oan de KNFB beker foar profesjonele fuotbalklups. De earste kear wie yn it seizoen 1999/2000, doe't Harkemase Boys yndield waard yn in pûl mei de profklups SK Cambuur Ljouwert en FC Emmen en amateurferiening FF Snits. De Harriten slaggen der lykwols net yn by de earste twa te einigjen om troch te gean nei de folgende omgong. Ek yn de bekerkompetysje fan 2001/2002 kamen de Boys net troch de pûlfaze.
Sûnt it seizoen 2003/2004 is de pûlfaze skrast út it skema fan de KNVB Beker. Yn de earste omgong dat jier kaam Harkemase Boys út tsjin WHC, mar dy wienen yn De Harkema te sterk. It jier dêrop spile Harkemase Boys yn de earste omgong in útwedstriid tsjin De Graafschap. De klup út de Efterhoek wie mei 4-0 te sterk foar de Harkiten. Ek yn it seizoen 2005/2006 (Vitesse), 2006/2007 (Argon) en 2007/2008 (RKVV Roosendaal) waard Harkemase Boys al yn de earste omgong útskeakele.
Yn de KNFB Beker fan 2009/2010 kamen de Boys foar it earst troch de earste omgong hinne nei in oerwinning op RKSV Groene Ster út Heerlerheide. Foar de twadde omgong waard Harkemase Boys keppele oan Earedifyzjeklup Feyenoord. Thús op sportpark De Bosk ferlearen de Boys foar it each fan 5.500 taskôgers mei 0-5. Yn de bekerkompetysje fan 2011/2012 moasten de Boys yn de twadde omgong thús tsjin betellefuotbalklup Willem II út Tilburch. Nei ferlinging wûn Harkemase Boys mei 4-2. In de tredde omgong waarden de Boys koppele oan SK It Hearrenfean. Yn it Abe Lenstra stadion wie de thúsklup op 25 oktober 2011 mei 6-1 te sterk.
Ploegen
Senioaren
De Harkemase Boys hawwe seis senioare-alvetallen: fiif manljusteams en ien frouljusteam. De haadmacht fan de klup spilet yn de Tredde Difyzje, it fjirde nivo fan Nederlân. It twadde komt út yn de reserve haadklasse út, it tredde en fjirde team spylje yn de reserve tredde klasse en it fiifde yn de reserve fiifde klasse. De frouljusploech spilet yn de 5e klasse.
Junioaren
De jeugdôfdieling fan Harkemase Boys wie fan 2012 oant 2017 tegearre mei dy fan Harkema-De Pein ûnder de namme Jong Harkema. Fan it seizoen 2017/2018 ôf spilet de jeugd wer yn it read-wyt ûnder de namme Harkemase Boys.
Akkommodaasje
De Harkemase Boys spylje harren thúswedstriden op it Sportpark de Bosk, dat plak jout oan 5.000 minsken. It sportpark hat in sittribune oan de westkante fan it fjild mei 450 oerdekte sitplakken. Oan de eastkante stiet in oerdekte steantribune, dy't plak jout oan 2.500 minsken. It kluphûs stiet njonken it haadfjild. It is yn 2005 ferboud en hat de namme 'Dyksicht' krigen. De klup hat ek noch twa oare fjilden, twa trainingsgebieten. Op sportpark De Bosk leit ek in keunstgersfjild. Dat dielt Harkemase Boys mei Harkema-De Pein en mei kuorbalklup KF Harkema.
Earste alvetal
Seleksje 2018/2019
|
Technyske staf
- Haadtrainer
- Tieme Klompe
- Assistint-trainer
- Klaas Schotanus
- Ploechlieders
- Hans van Deursen, Aize Spinder
- Doelmannetrainer
- Remco van der Veen
Prestaasjes
Kompetysje
De Harkemaske Boys spylje sûnt it seizoen 1946/1947 yn kompetysjeferbân. De resultaten sûnt dat seizoen steane yn ûndersteande tabel:[2]
|
|
|
|
Earelist
Haadklasse C (3×)
- 2003, 2009, 2016
Earste klasse E (2×)
- 1997, 2008
Twadde klasse (1×)
- 1975
Tredde klasse A (3×)
- 1956, 1987, 1994
Fjirde klasse C (1×)
- 1955
Eearste klasse FVB (2×)
- 1951, 1952
Twadde klasse FVB (1×)
- 1949
Distriktsbeker Noard (6×)
- 2006, 2007, 2009, 2011, 2013, 2015
Klaaiïng
De klupkleuren fan de Harkemase Boys binne read mei wyt. Dizze kleuren komme ek werom yn de klaaiïng fan de ploegen. De klaaiïng bestiet út in read shirt, wite broek en reade sokken. Op it boarst stiet in wite 'V'.
Supportersferiening
De Supportersferiening fan de Harkemase Boys waard stifte op 20 febrewaris 1970. Mei likernôch 500 leden is it ien fan de grutste supportersferienings yn it amateurfuotbal.[3] De oanhing fan de Harkemase Boys wurdt ek wol "De Dyk" neamd.[4]
De feriening hâldt harren dwaande mei de organisaasje fan aktiviteiten, wêrûnder bingojûnen en famyljedagen, foar de oanhing en finansjele stipe foar de fuotbalklup sels. Ek is de supportersferiening ferantwurdlik foar de ferkeap fan de fanartikels.
Om thúswedstriden hinne wurdt it programboekje 'De Aftrap' fergees fuortjûn. Earder waard ek fjouwer kear yn it jier wurdt it klupblêd 'Fûgelkamp Nijs' ferspraat ûnder de leden. Dêryn stienen ûnder oare ynterviews, wedstriidferslaggen en nijs oer de klup.
Yn 2013 waard Harkemase Boys TV yn it libben rôpen. Sûnt maart fan dat jier wurde alle wedstriden fan Harkemase Boys 1 yn syn gehiel fêstlein troch de klup sels en yn gearfetting nei bûten brocht. Ek wurde faak trainer en spilers ynterviewd.
Sponsers
De Harkemaske Boys hawwe ien fan de grutste sakeklups yn it amateurfuotbal fan Nederlân.[5] Dizze sakeklup, de Stichting Sponsorgroep Harkemase Boys (SSHB) neamd, bestiet út likernôch 180 sponsers.[5]
Sûnt 2003 bestiet de 'Sponsorwervingcommissie', in kommisje dy't foarme is troch de SSHB en ta doel hat it "ynteressearjen fan nije bedriuwen om harren oan te sluten by de SSHB". Sûnt de stifting fan dizze kommisje is it tal sponsers waakse fan 130 yn 2003 oant goed 180 yn 2010. De kommisje wol besykje yn 2011 220 bedriuwen by de SSHB oansletten te krijen.[5]
Sponsers fan de Harkemaske Boys binne yndield yn in fjouwertal kategoryen, fan it wichtichst nei minst wichtich binne de katerogyren: Supersponser, Haadsponser-A, Haadsponser-B, Co-sponser en sponser. Al dizze sponsers kinne yn it sponserthús op de earste ferdjipping fan it kluphûs terjochte.
Haadtrainers
De Harkemase Boys hawwe sûnt 1947 31 ferskate trainers hân, wêrfan't Willem Boomsma, Arp Hiemstra en Hendrik Mozes yn twa perioaden haadtrainer wienen. Hjirûnder stiet de folsleine list fan trainers sûnt de stifting fan de klup:[6]
Begûn | Opholden | Trainer | Prizen |
---|---|---|---|
1946 | 1947 | Willem Boomsma | |
1947 | 1948 | Frans Bijker | |
1947 | 1951 | Willem Boomsma | Twadde klasse FVB (1949) |
1951 | 1954 | Henny Stelwagen | Earste klasse FVB (1951, 1952) |
1954 | 1959 | Tjalling Delgrosso | Fjirde klasse (1955), Tredde klasse (1956) |
1958 | 1963 | Hendrik Mozes | |
1963 | 1967 | Arp Hiemstra | |
1967 | 1968 | Arp Hiemstra / Hendrik Mozes | |
1968 | 1969 | Teddy van der Horst | |
1969 | 1971 | Jan van der Meer | |
1971 | 1973 | Jan de Jong | |
1973 | 1975 | Jan Roelofsma | Twadde klasse (1975) |
1975 | 1981 | Jelte H. Postma | |
1981 | 1983 | Roel Huitema | |
1983 | 1985 | Kor de Jong | |
1985 | 1986 | Klaas Kooistra | |
1986 | 1989 | Gerrit de Vries | Tredde klasse (1987) |
1989 | 1991 | Johannes Hoekstra | |
1991 | 1995 | Jan de Wilde | Tredde klasse (1994) |
1995 | 1998 | Klaus Roosenburg | Earste klasse (1997) |
1998 | 2001 | Rinie Jurna | |
2001 | 2002 | Arent Bekhof | |
2002 | 2004 | Sjoerd Jan Eppinga | Haadklasse (2003) |
2004 | 2005 | Luitzen Nijboer | |
2005 | 25 oktober 2006 | Pieter Bijl | Distriktsbeker Noard (2006) |
26 oktober 2006 | 15 maaie 2007 | Fritz Korbach | |
15 maaie 2007 | 1 juny 2007 | Willem Weening (interim) | Distriktsbeker Noard (2007) |
2006 | 31 desimber 2010 | Henk de Jong | Earste klasse (2007), Haadklasse (2008), Distriktsbeker Noard (2009) |
1 jannewaris 2011 | 28 maart 2011 | Peter Meindertsma | |
28 maart 2011 | 27 jannewaris 2012 | Wieb Rodenhuis | Distriktsbeker Noard (2011) |
5 desimber 2011 | 2012 | Robert Herder (interim) | |
2012 | 2014 | Willem Brouwer | Distriktsbeker Noard (2013) |
2014 | 2016 | Jan Vlap | Haadklasse (2016), Distriktsbeker Noard (2015) |
2016 | 2018 | Henk Herder | |
2018 | no | Tieme Klompe |
Bekende (âld-)spilers en trainers
- Tony Alberda (spiler: 2002-2007, 2010-2011)
- Anton Jongsma (spiler: 2004-2006)
- Pieter Bijl (trainer: 2005-2006)
- Fritz Korbach (trainer: 2006-2007)
- Henk de Jong (trainer: 2007-2010)
- Oebele Schokker (spiler: 2007-2012)
- Martijn Barto (spiler: 2007-2011)
- Mart Dijkstra (spiler: 2010-2011)
- Romano Denneboom (spiler: 2012-2012)
- Age Hains Boersma (spiler: 2012-2013)
- Tieme Klompe (trainer: 2018-no)
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|