De linebeamleane yn de Harichsterbosk

De Harichsterbosk is in natoergebiet yn Gaasterlân.

It tsjerkepaad troch de Harichsterbosk

De Harichsterbosk, in bosk fan 66 hektare, leit besuden Harich en súdwest fan Balk. De bosk hat in saneamde rabattestruktuer. Troch de ûnderlizzende balstienlaach yn de bosk, dy't gjin wetter trochlit, waarden der greppels groeven foar de ôfwettering. De frijkomde grûn waard brûkt om it beboske gedielte op te heegjen. Sokke damen wurde rabatten neamd. Op dy damen waarden foar de houteksploitaasje simmeriken plante. Yn de bosk komme ûnder mear reeën, dassen en stienmurden foar. Steatsboskbehear hat it gebiet sûnt 1962 ûnder behear. Yn it súdeasten foarmet de N359 de begrinzging fan it gebiet. Oan de noardeastside fan de bosk rint in âld tsjerkepaad. Oan de noardwestkant fan de bosk rint in mear as 1000 meter lange linebeamleane. Oan de oare kant fan de wei lizze de Starnumanbosken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.