De Hantumer Feart is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart rint yn de himrikken fan Hantum, De Lytse Jouwer en Boarnwert.
De feart begjint by de Knibbeltsjebrêge krekt eastlik fan Hantum. De feart rint dan nei it suden lâns de Hantumermûne, ûnder de Lytse Learsterdyk troch tusken Lytse Leard en De Lytse Jouwer, dan rint de feart sa’n 500 meter westlik fan it doarp De Lytse Jouwer, súdwestlik fan De Lytse Jouwer krúst de Hantumer Feart De Peazens, dêrnei rint de feart fierder troch nei it suden en einiget de feart tusken Boarnwerthuzen en Betterwurd yn de Sylsryd.
De namme Hantumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Hantumervaart.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.