Hans van Helden
sporter
Hans van Helden (1975)
Hans van Helden (1975)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHans van Helden
nasjonaliteit Frânsk
Nederlânsk
bertedatum27 april 1948
berteplakAlmkerk
sportive ynformaasje
sportReedriden
ûnderdielLangebaan
O.S.Innsbruck 1976,
Sarajevo 1984,
Calgary 1988
debút1973
karriêre-ein1992
wichtige prestaasjes
3x brûns Olympyske Spullen 1976,
1x brûns WK Allround 1976
1x sulver EK Allround 1973
1x brûns EK Allround 1974

Hans van Helden (Almkerk, 27 april 1948) is in earder Nederlânsk-Frânsk reedrider. Nei't er yn 1982 boaske mei de Frânske reedrydster Marie-France Vives kaam er tenei út foar Frankryk.

Hy die alve kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, trettjin kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976, 1984 en 1988). Hy behelle by dizze kampioenskippen trije brûnzen medaljes op de Olympyske Spullen, ien brûnzen medalje by it wrâldkampioenskip Allround, by it Europeeske kampioenskip allround behelle er in sulveren en brûnzen medalje. Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn Frankryk hie er as reedrider net folle konkurrinsje dus koe er sûnder kwalifikaasje gedoch oan alle toernoaien meidwaan. By de Winterspullen fan 1984 waard hy fjirde op de 1500 meter wat de bêste "Nederlânske" prestaasje wie. Van Helden stie bekend as in eigensinnich persoan, dy't faaks spul hie mei oaren, apart wiene ek syn manier fan trainen yn stee fan krêfttraining trainde er mei in parasjute.

Yn desimber 2015 kaam it boek Hoe sterk is de eenzame schaatser, wêryn't syn libben beskreaun is troch Erik Dijkstra.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 39,03 20 maart 1976 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.16,32 18 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1500 meter 1.55,61 13 maart 1976 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
3 km 4.08,11 8 maart 1984 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
5 km 6.57,69 17 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
10 km 14.34,84 21 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary

Resultaten

jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1973BrûnsSulver7e16e
19744eBrûns5e8ste
1976Goud5eBrûns4e500 m, 19e
1000 m, 5e
1500 m, Brûns
5 km, Brûns
10 km, Brûns
1977Goud5e7e
197812e12e
19794e
19804e13e
19817e
198215e15e
198317e14e
19846e10e500 m, 24ste
1000 m, 18e
1500 m, 4e
5 km, 11e
10 km, 25ste
198526ste27ste
198614e14e
198724ste31ste
1988188ste500 m, 33ste
1000 m, 29ste
1500 m, 19e
5 km, 22ste
10 km, 23ste
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.