Hans Dijkstal | ||
politikus | ||
Hans Dijkstal (1988) | ||
echte namme | Henri Frans (Hans) Dijkstal | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 28 febrewaris 1943 | |
berteplak | Port Saïd | |
stjerdatum | 9 maaie 2010 | |
stjerplak | Wassenaar | |
partij | VVD | |
Wethâlder fan Wassenaar | ||
amtsperioade | 1978–1983 | |
Lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1982 - 2002 | |
minister fan Ynlânske Saken | ||
regear | kabinet-Kok I | |
amtsperioade | 1994 - 1998 | |
foargonger | Dieuwke de Graaff-Nauta | |
opfolger | Bram Peper | |
Vicepremier | ||
regear | kabinet-Kok I | |
amtsperioade | 1994 - 1998 | |
foargonger | Wim Kok | |
opfolger | Hans van Mierlo | |
Fraksjefoarsitter Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1998-2002 | |
foargonger | Frits Bolkestein | |
opfolger | Gerrit Zalm | |
Partijlieder fan de VVD | ||
amtsperioade | 1998-2002 | |
foargonger | Frits Bolkestein | |
opfolger | Gerrit Zalm |
Henri Frans (Hans) Dijkstal (28 febrewaris 1943, Port Saïd (Egypte) - 9 maaie 2010, Wassenaar) wie in Nederlânsk politikus en fan 1998 oant 2002 fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer fan de VVD.
Libben en wurk
Hy wenne oant syn fiifde jier yn it Egyptyske Port Saïd, dêr't syn heit yn de skipfeart wurke. Ear't er yn 1982 nei De Haach gie, wie er wethâlder yn Wassenaar. Nei tolve jier yn de Twadde Keamer as Keamerlid hâlde er him ûnder mear dwaande mei minderhedenbelied, kriminaliteitsbestriding en de IRT-affêre. Dijkstal stie oan de widze fan it earste pearse kabinet. Dat wie revolúsjonêr omdat der foar it earst gjin kristlike partij meidie yn de koalysje, dy't bestie út PvdA, VVD en D66. Hy wie yn dit kabinet minister fan Ynlânske Saken en fisepremier.
Syn bynamme wie 'it oaljemantsje', omdat er goed bemiddelje koe tusken de oare politisy. Hy loste maklik problemen op. "Troch te praten, troch foar sfear te soargjen en de famylje by elkoar te hâlden", sei hy ris yn in ynterview mei de Volkskrant. Wat dat oangie like er as liberaal op syn freon Job Cohen. Dijkstal waard ek bekend troch syn fleurige saksofoansolo's op VVD-feestkes, syn foarleafde foar jazz en dat er altyd op 'e tried wie. Syn humor en relativearringsfermogen hie in grûn yn tragyske foarfallen. Dykstal ferlear twa fan syn bern, 'Ik wol net dat it leed my der ûnder krijt', sei er sels.
As minister fan Ynlânske Saken like hy net genôch trochpakke te kinnen. Binnen de VVD woeks de argewaasje, omdat Dijkstal net yn steat wie ekstra plysje op strjitte te regeljen.
Yn 1998, yn it twadde pearse kabinet-Kok, kaam Dijkstal werom nei de Twadde Keamer en naam it fraksjefoarsitterskip oer fan Frits Bolkestein, de VVD-lieder dy't mei pittige útspraken it debat op skerp sette koe. Dykstal wie sa net; hy wie in liberale politikus sûnder útsprutsen politike ideeën, in ynnimmende kompromissiker. Sadwaande wie er net opwoeksen tsjin Pim Fortuyn. Hy ergere him oan it groeiende tal ûntefreden boargers dat hieltiten mear krityk hie op Pears-II, it kabinet dat de problemen op mêd fan de migraasje, sûnenssoarch en it ûnderwiis net goed genôch oplossen koe. "Bedoarne diva's", neamde Dijkstal in part fan de kiezers. "Se fine dat de oerheid him net mei har bemuoie mei, mar jouwe de oerheid wol de skuld fan alles wat fout giet", sei er yn maart 2002 tsjin Vrij Nederland.
Hy tocht dat it 'theater-Fortuyn' fansels oerwaaie soe, mar dat gie oars as wat er tocht. Yn maaie 2002 helle de partij fan de wyls fermoarde Fortuyn 26 setels wêrnei de VVD-listlûker Dijkstal frustrearre de lanlike polityk ferliet. Op it mêd fan ymmigranten en asyslsikers koe hy him letter hieltiten minder fine yn it stânpunt fan syn partij. Hy rjochte him benammen op Rita Verdonk, tusken 2002 en 2006 foar de VVD minister fan yntegraasje en frjemdlingen. Dijkstal sette har yn it rychje populisten as de Frânsman Jean-Marie le Pen, de Belch Filip de Winter en Eastenriker Jörg Haider. Yn 2006 wie Dijkstal ien fan de inisjatyfnimmers fan it manifest Ién lân, ien mienskip. In tal âld-politisy pleite dêryn foar mear tolerânsje.
Dernei hie er in sit yn in soad kommisjes en stjoergroepen, lykas de kommisje-Pavem dêr't er mei prinses Máxima dwaande wie mei de partisipaasje fan froulju út etnyske minderheidsgroepen. Hy joech ek advys oer it beheinen fan salarissen by politike amtsdragers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |