Hanny Michaelis
skriuwer
Hanny Michaelis (1967)
Hanny Michaelis (1967)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne19 desimber 1922
berteplakAmsterdam
stoarn11 juny 2007 (84 jier)
stjerplakAmsterdam
wurk
sjenredichtsjen, fertalen
offisjele webside
DBNL-profyl
Hans Kolfschoten, Louis Paul Boon, Hanny Michaelis & Jacques Presser by de útrikking fan de Jan Campertpriis (1967)
Gedicht fan Michaelis op Stasjon Utert Sintraal

Hanny Michaelis (Amsterdam, 19 desimber 1922 - dêre, 11 juny 2007) wie in Nederlânsk dichteres fan Joadske komôf.

Libben en wurk

Se wie dochter fan de Dútske kantoarman Alfred Michaelis en Gonda Swaab fan Amsterdam; beiden waarden op 26 maart 1943 deadien yn ferneatigingskamp Sobibór. Sels siet se jierrenlang by meardere famyljes ûnderdûkt. Se wenne har hiele libben yn Amsterdam-Súd en Sintrum. Se gie fan 1936 ôf nei it Vossius Gymnasium, dêr't se les hie fan Dick Binnendijk (D.A.M. Binnendijk). Se skreau doe al gedichten. In doetiidsk gedicht fan har droech de titel Avond aan de Amstel.

Yn 1945 en 1946 ferskynden gedichten fan har yn blêden as Proloog en Criterium fan Utjouwerij Meulenhoff (J.M. Meulenhoff ). Se wie doedestiids as bern fan in Dútser steatleas, alhoewol't se yn Amsterdam berne is (Hitler hie alle Joaden steatleas makke). Hja krige te krijen mei ûnferskilligens ta tsjinwurking by it oanfreegjen fan it Nederlânske steatsboargerskip, omdat de net oantoane koe wêr't hja sûnt 1942 wenne hie.

Michaelis debutearre offisjeel yn 1949 mei Klein voorspel. Yn har lytse oeuvre beskriuwt hja de minske yn al syn helpleazens en iensumens, sykjend nei leafde. Har wurk is sober en letter ek relativearjend. De oarloch, dêr't hja har beide âlden yn ferlear, drukte in swier stimpel op har wurk.

Yn 1950, hja wie doe sekretaresse by de redaksje fan it Nieuw Israelitisch Weekblad, krige hja de opdracht en it fersyk fan steatssekretaris Jo Cals fan it Ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen in essay te skriuwen oer Nederlânske Joadske dichters dy't omkommen of ombrocht waarden yn de Twadde Wrâldoarloch.[1]

Nei 1971 ferskynden der gjin nije bondels mear fan Michaelis, mar se hold noch wol foardrachten troch it hiele lân. Se wie fan betinken dat der al sa'n protte poëzij wie, se hie lêst fan oermjittige selskrityk yn kombinaasje mei temin selsfertrouwen. Yn 1993 joech se oan dat se sels wat fernuvere wie oer wat se wol op papier krigen hie.[2]

Yn 1995 ûntfong sy de Anna Bijns Priis foar har hiele oeuvre. Yn 1996 ferskynde har Verzamelde gedichten en yn 2002 in bondel mei jeugdoantinkens yn proaza, Verst verleden.

Hanny Michaelis stoar mei 84-jier.[3] Hja waard 12 juny 2007 yn lytse rûnte te hôf brocht, op it Joadske Begraafplak yn Muiderberch.
Yn har neilittenskip waarden de skriften fûn dêr't se har deiboek út de Twadde Wrâldoarloch yn byhold. Dat deiboek, besoarge troch Nop Maas, waard njoggen jier nei har ferstjerren yn twa dielen útjûn: Lenteloos voorjaar (1940-1942) en De wereld waar ik buiten sta (1942-1945). Dêryn beskriuwt se wiidweidich en yngeand har libben op it Vossiusgymnasium en har ferhâlding ta de skriuwers Dick Binnendijk en Anthonie Donker, alias Prof. Nico Donkersloot. Op dy lêste wie se slim fereale. Teffens komt har ûnderdûktiid oan bod.

Reve

Michaelis wie fan 1948 oant 1959 troud mei Gerard Reve[4]. Ze rekken meiïnoar yn 'e kunde yn 1947 by de útrikking fan de Reina Prinsen Geerligspriis, dy't dat jier takend wie oan Reve, en dêr't Michaelis in earfolle fermelding by krige. Yn 1963 makke se de (autorisearre) oersetting fan Reve's bondel The acrobat and other stories ûnder de titel Vier wintervertellingen. It houlik waard ûntbûn doe't Reve derfoar keas om foar syn homoseksualiteit út te kommen en mei in man fierder woe. Michaelis en Reve bleaune wol tige goede freonen. Ut reden fan sûnens koe hja yn april 2006 net op Reve's begraffenis komme.

Prizen

Bibliografy

  • Klein voorspel (1949)
  • Water uit de rots (1957)
  • Tegen de wind in (1962)
  • Onvoorzien (1966)
  • De rots van Gibraltar (1969)
  • Wegdraven naar een nieuw Utopia (1971)
  • Het onkruid van de twijfel, karlêzing (1989)
  • Verzamelde gedichten (1996)
  • Verst verleden, proaza (2002).
  • Een keuze uit haar gedichten door J.J. Voskuil (2005)
  • Nagelaten gedichten (2007)
  • Zonder een spoor van vrede, mei foto's fan Michèle Baudet (2008)
  • Lenteloos voorjaar. Oorlogsdagboek 1940-1941, besoarge troch Nop Maas (2016)
  • De wereld waar ik buiten sta, deiboen (2017)
  • Oorlogsdagboek, seleksje fan stikken troch Nop Maas út de útjeften fan 2016 en 2017 (2019)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Redactie, Regeringsopdracht voor Hanny Michaelis. Nieuw Israelitisch Weekblad (8 desimber 1950)
  2. Geart de Vries, Hanny Michaelis sober, beknopt en vitaal. Ljouwerter krante (9 maart 1993) s. 19
  3. Dichter Hanny Michaelis (84) overleden, De Pers;12 juny 2007; sjoen 3 novimber 2009
  4. Nop Maas: Gerard Reve. Kroniek van een schuldig leven, deel 1: De vroege jaren 1923 - 1962. Van Oorschot, Amsterdam, 2009. ISBN 9789028241220
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.