Hanno de Grutte (Punysk: đ€‡â€Źđ€â€Źđ€€â€Źâ€Ź, HNÊŸ) wie in rike Kartaachske aristokraat yn de tredde iuw f.Kr..

Hanno syn rykdom bestie Ășt in soad lĂąn dy't er besiet yn Afrika en Hispanje. Yn de Earste Punyske Oarloch late er dyjingen yn Kartago dy't tsjin de kriich mei de Romeinske Republyk wiene. Hy woe leaver it gebiet yn Afrika Ăștwreidzje as om in seekriich tsjin Rome Ășt te fjochtsjen, dĂȘr't hy sels neat op foarĂșt gean soe. Yn dat besykjen kaam er foar de Kartaachske generaal Hamilkar Barka, de heit fan Hannibal, oer te stean. Hanno demobilisearre de Kartaachske marine yn 244 f.Kr., dĂȘr't Rome njonkelytsen de tiid krige syn marine op te bouwen. De Romeinen fersloegen de Kartagers yn de Slach by de Egadyske Eilannen yn 241 f.Kr.

Nei de kriich tekene Kartago it Ferdrach fan Lutatius mei Rome, dĂȘr't besletten waard dat Kartago skeafergoedings oan Rome betelje moast. Troch in tekoart oan jild wegere Hanno de Berberske hierlingen te beteljen, dy't troch Hamilkar tasein waarden dat se beleane wurde soene. De hierlingen kamen yn opstĂąn en de hierlingekriich bruts Ășt. Hanno naam de lieding fan it Kartaachsk leger oer om se te ferslaan. Hy slagge der lykwols net yn en Hamilkar krige de lieding oer it leger. Dy wist de hierlingen yn 238 f.Kr. te ferslaan.

Syn bynamme "de Grutte" fertsjinne er mooglik troch syn oermasterings fan de fijannen fan Kartago yn Afrika. Hy bleau tsjin op kriich tsjin Rome, om't dat in Ăștwreiding fan de marine betsjutte. Yn de Twadde Punyske Oarloch late er de opposysje fannijs en waard er derfan beskuldige dat er fersterkings dy't Hannibal, de soan fan Hamilkar, nei de Slach by Cannae yn Itaalje helpe moasten, tsjinhold. DĂȘrtroch koe Hannibal net de beslissende slach winne. Nei it belies fan Kartago yn de Slach by Sama yn 202 f.Kr. wie er ien fan de Ă»nderhannelers foar frede mei Rome

Boarne

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.