Net te betiizjen mei Hannibal.
Hannibal Mago of Hannibal I (Punysk: đ€âŹđ€đ€âŹđ€âŹđ€âŹâŹ, HNBÊżL) wie in pakesizzer fan Hamilkar Mago. Hy libbe sa'n 200 jier foar de ferneamde generaal Hannibal Barka.
Hannibal Mago waard in suffeet fan Kartago fan de dynasty fan de Magoniden yn 410 f.Kr. en in jier letter hie er it befel fan in Kartaachske ekspedysje nei Sisylje om de stĂȘd Segesta by te stean. Yn de Slach by Selinus oermastere er de Grykske stĂȘd Selinus en dĂȘrnei Himera. Neffens de oerlevering moast er wol 3.000 kriichsfinzenen ĂŽfslachtsje litten hawwe as wraakaksje foar de belies en dea fan syn pake yn de Slach by Himera santich jier earder.
Hannibal Mago ferstoar yn 406 f.Kr. oan in ynfeksjesykte dy't Ăștbruts by it belis fan Agrigentum.
Sjoch ek
- Magoniden
- Hannibal (namme), foar oare persoanen mei dy namme
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.