Hannibal is in latinisearre foarm (Gryksk: Ἀννίβας, Hanníbas) fan de Punyske jongesnamme HNBʿL (Punysk: 𐤇𐤍𐤁𐤏𐤋), dat "Baal is genedich" betsjut. It meast ferneamd is de Kartaachske generaal Hannibal, dy't yn de Twadde Punyske Oarloch in ekspedysje troch de Alpen late tsjin de Romeinske Republyk.
Kartagers
- Hannibal Barka (247–183 f.Kr.), generaal dy't yn de Twadde Punyske Oarloch tsjin de Romeinen focht.
- Hannibal Mago (ferstoarn yn 406 f.Kr.), suffeet fan Kartago yn 410 f.Kr.
- Hannibal Gisko (ferstoarn yn 258 f.Kr.), generaal yn de Earste Punyske Oarloch
Oaren
- Hannibal Buress (berne 1983), Amerikaanske komyk út Chicago
- Hannibal Day (1804–1891), offisier yn it Amerikaanske leger yn de Amerikaanske Boargerkriich
- Hannibal Moammar al-Kadaffy, soan fan de eardere Libyske diktator Moammar al-Kadaffy
- Hannibal Hamlin (1809–1891), de earste fise-presidint fan Abraham Lincoln
- Hannibal Kimball (1832–1895), Amerikaanske ûndernimmer
- Hannibal Hawkins Macarthur (1788–1861), Australyske kolonist, politikus, ûndernimmer and wolpionier
- Hannibal Navies (berne 1977), spiler fan Amerikaansk fuotbal
- Hannibal Price (1841–1893), Haïtiaanske diplomaat en skriuwer
- Hannibal Sehested (minister-presidint) (1842–1924), Deenske minister-presidint
- Hannibal Sehested (gûverneur) (1609–1666), Deenske gûverneur fan Noarwegen
- Hannibal Valdimarsson (1903–1991), Yslânsk politikus
Fiksje
- Hannibal Lecter, kannibaal yn in rige romans fan Thomas Harris
- John "Hannibal" Smith, lieder fan The A-Team
Farianten yn oare talen
- Italjaansk: Annibale
- Portegeesk: Aníbal
- Spaansk: Aníbal
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.