Hannah Ludwig | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johanna Ludwig | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 febrewaris 1943 | |
berteplak | Assen | |
stoarn | 1 novimber 2013 | |
stjerplak | Frjentsjer | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Sjoernaliste, Wethâlder, Steatelid | |
aktyf as | Dichteres | |
jierren aktyf | 1974 - 2007 | |
bekendste wurk(en) | Trilogy fan de ierdmantsjes | |
prizen | Rely Jorritsmapriis (1968), (1969), (1970), (1971), (1972) |
Johanna Ludwig better bekend as Hannah Ludwig (Assen, 4 febrewaris 1943 - Frjentsjer, 1 novimber 2013) wie sjoernaliste, riedslid, wethâlder en steatelid foar de PvdA.
Ludwig wie fan 1974 oant 1994 aktyf út namme fan de PvdA yn de rie fan Frjentsjerteradiel en wie fan 1995 oant 2007 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Teffens hat hja fise-foarsitter fan it Frysk Festival, foarsitter 50 jier Befrijing Frjentsjer, lid Agrarysk Komitee, foarsitter fan de 'Groot Franeker van het Jaar', foarsitter fan Simmer 2000 yn Frjentsjer en foarsitter fan it 'Vrijwilligerswerk Franekeradeel' west. By it ôfskie fan de steaten waard se lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Se wie troud mei skriuwer Tjitte Piebenga (stoarn 2007). Sy wûn fiif kear de Rely Jorritsmapriis yn de kategory Poëzy en krige de Fryske literatuerpriis ûnder oaren foar har Trilogy fan de ierdmantsjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|