Han Heinsius | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hein Willems Heinsius | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 novimber 1863 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 16 febrewaris 1939 | |
stjerplak | Leersum | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Botanikus, floarist, learaar |
Hein Willems (Han) Heinsius (Amsterdam, 14 novimber 1863 – Leersum, 16 febrewaris 1939) was een Nederlânske plantkundige, learaar, fysjolooch, fytopatolooch en yn't foarste plak floarist.
Biografy
Hein Willems Heinsius waard berne as soan fan Auke Heinsius, haadûnderwizer (NNNBW, I ,1061), en Johanna Reinira Acquoy. Heinsius is op 28 desimber 1894 troud mei Wilhelmina Johanna Elisabeth Prikken (1870-1947) en letter skieden. Ut it houlik waarden twa soannen en ie dochter berne.
Heinsius wie de earste soan fan Auke Heinsius, haad fan de Coornhertskoalle yn Amsterdam, en fan Johanna Reinira Acquoy. De twadde soan Jac Heinsius (1872-1947) waard in bekend letterkundige en redakteur fan it Woordenboek der Nederlandsche Taal. De botanikus Heinsius waard benammen bekend as ien fan de auteurs fan de Heimans, Heinsius en Thijsse's Geïllustreerde flora van Nederland, de Heimans, Heinsius en Thijsse, meastentiids ôfkoarte as de HH & T, dy't er fan 1909 ôf mei Eli Heimans en Jac. P. Thijsse yn in tsiental werprintingen ferbettere.
Heinsius hat him fertsjinstlik makke troch yn 1901 mei kollega-learaar Hendrik Heukels it inisjatyf te nimmen ta oprjochting fan de (Koninklijke) Nederlandse Natuurhistorische Vereniging (NNNV) dy't yn 1905 de Vereniging tot Behoud van Natuurmonumenten op 'e kluten holp.
As bern krige er al niget oan stúdzje fan de natuer trochdat syn omke J.F.G.W. Erbrink behelpsum wie by it determinearjen fan planten. Nei de HBS, dêr 't de lessen fan dr. J.C. Costerus syn belangstelling foar biology rypjen diene, studearre er plant- en dierkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Op de universiteit wiene it benammen de gelearden De Vries, Oudemans en Weber dy't him wittenskiplik foarmen. Hy wie in jeugdfreon fan de dichter Albert Folkertsma, ien fan de Tachtigers en mei-oprjochter fan De Nieuwe Gids yn 1885, wêrmei 't Heinsius om samar te sizzen in skeakel wie tusken de Tachtigers en it 'biologysk reveil'. De beweging fan Tachtich betsjutte in kearpunt yn de natuerbelibbing en it fannijs wurdearjen fan de natuer yn Nederlân. Oant dy tiid wiene it benammen keamergelearden dy't de natuer ûndersochten, fan fjildbiology wie noch amper sprake. Yn Natura (19 26:33 2) skreau Heinsius dêroer: … …was het toen nog zoo, dat in ons land iemand, die zich met de studie van plantjes en beestjes bezig hield, vrij algemeen voor een zonderling gehouden werd.
Nei syn stúdzje wie Heinsius wittenskiplik assistint fan heechlearaar Hugo de Vries, by wa 't er yn 1890 promovearre op in ûndersyk nei de bestowing fan blommen troch ynsekten yn Nederlân. In priisfraach fan de Ryksuniversiteit Leiden yn 1887 levere it ûnderwerp op. Syn ynstjoering, basearre op it motto fan de paleontolooch Quenstedt: Wie onbekend blijft met wat er in de natuur voorvalt, leeft slechts ten halve, waard bekroand mei in gouden medalje. It proefskrift paste goed by de earste floara fan Heimans en Thijsse (1899) en hy wie dan ek fuort ree om fan de goed bedoelde, mar noch wat breklike floara, in populêre, mar deeglik yllustrearre floara te meitsjen. As biolooch ûntwikkele er in sterke belangstelling foar floaristyk en blombiology, fytopatology en plantefysiology, ôfstammingsleer en genetika. It Abbe-tekenapparaat (camera lucida) foarseach er fan praktyske ferbetteringen en yn 1892 skreau er mei J.W.C. Goethart, haad fan de bakteriologyske ôfdieling fan it Rykslânbouproefstasjon yn Hoarn en letter direkteur fan it Ryksherbarium yn Leien, in artikel oer de seefonk (Noctiluca miliaris) wêryn't mei kwalitative testen ûnder mear de oanwêzigens fan ammonium yn selfocht oantoand waard. Yn 1898 waard Heinsius beneamd ta lid fan it Bataafs Genootschap der Proefondervindelijke Wijsbegeerte, ien fan de âldste natuerwittenskiplike genoatskippen fan Nederlân.
Nei syn universitêre perioade waard Heinsius learaar natuerlike histoarje. Earst in skoftke oan gymnasia yn Amersfoort, De Bosk en Rotterdam, en dêrnei in tritich jier lang oan de 2e fiifjierrige HBS te Amsterdam. By it ûntstean fan de NNV spile er in wichtige rol. Thijsse skreau dêroer yn De Levende Natuur (maaie 1926): 'De NNV is eins oprjochte en ta har earste bloei brocht troch de trije H's: Heimans, Heinsius en Heukels.' As ien fan de oprjochters hie er jierrenlang de lieding oer de Amsterdamske ôfdieling. Yn de lanlike feriening ferfolle er ynearsten de rol fan sekretaris, fan 1917 oant 1922 dy fan foarsitter. Yn 1923 waard er earelid fan de NNV. Mei de oare bestjoersleden fan de NNV joech er yn 1905 de oanset ta de oprjochting fan de Vereniging tot Behoud van Natuurmonumenten yn Nederlân. Hy siet ek yn it earste bestjoer.
Heinsius wie troud mei Wilhelmina fan Kaempff Prikken, in dochter fan Johan Carel Fredrik Prikken en Anna Maria Terneden. By Ken. Beslút 14 aug. 1918 Nr .75 waard har famyljenamme wizige yn Kaempff Prikken. Mei har krige er trije bern: Auke Johan Reinier, Anna Maria en Johan Carel Frederik. Auke promovearre yn de rjochtswittenskippen en skreau de grûnwet fan Nederlânsk-Ynje op 'n nij. Anna wie toskedokter en Johan advokaat. Heinsius ferstoar flak foar de oarloch (yn 1939) yn de âldens fan 75 jier. Hy makke dêrom net mear mei dat Anna yn 'e oarloch gearwurke mei de NSB-er M.M. Rost van Tonningen.
Artikelen
- Zeitschrift fur wissenschaftliche Mikroskopie und fur mikroskopische Technik (1889). Band VI, Heft 1. "Eine verbesserung der Abbe'schen Camera lucida."
- Journal of the Royal Microscopical Society (1890), s. 94. "Abbe Drawing Camera."
- Eigen Haard (1891), siden. 154–187. "Bacteriën en bacteriëncultuur."
- Eene Waterstudie, Zeitschrift f. s. 362. Pflanzenkrankheiten, v1 n6 (18910101)
- Album der Natuur (1891), s. 195. "Eenige gevallen van symbiose in het plantenrijk."
- Zeitschr. Pflanzenschütz u. Pflanzenkrankh. (1891), s. 146. "Übersicht der in den Niederlanden im Jahre 1890 beobachteten Krankheiten an Gemüse und Gartenpflanze."
- Staatscourant (1892). "Biologie van Noctiluca miliaris. Ref. in Verslag Zoöl. Station 1892."
- Verslag aan den minister van Binnenlandsche Zaken van de onderzoekingen, verricht in het Zoölogisch Station te Den Helder in de maanden Juli en augustus 1892 door J.W.C. Goethart en H.W. Heinsius. (1892).
- Tijdschrift Ned. Dierk. Vereeniging (1892), 2 Deel, 4 Versl., s. 36. Met J.W.C. Goethart. "Eenige punten uit de biologie van Noctiluca miliaris." [Yn: Osmotic Regulation in Aquatic Animals. A. Krogh (1939) en yn: Bathyscaphoid squid. E.J. Denton, Shaw, T. I. & Gilpin-Brown, J.B. Nature (1958): p. 182]
- Botanische Zeitung (1892), p. 601. "Einige Beobachtungen und Betrachtungen über die Befruchtung von Blumen der niederländischen Flora durch Insecten."
- Journal of the Royal Microscopical Society (1893), s. 657. "Pollination by Insects."
- De Levende Natuur (1896), 1, s. 52–53. Mei W.C. Mulder. "Over wringing van boomstammen."
- De Levende Natuur (1896), 1, (10), s. 200-201. "Linaria Vulgaris."
- Album der Natuur (1897), s. 1–15. "Jan Ingen-Housz." [Ter gelegenheid van de toewijding van een herdenkingsbuste van Ingenhousz bij de Universiteit van Wenen]
- Album der Natuur (1897), s. 307–313. "De flora van Nederland."
- [Album der Natuur] (1898). "Over bonte bladeren." [Yn: Bibliographia Genetica (1926): s. 399]
- Album der Natuur (1898), s. 321–329. Mei D. Winkler. "Tiberius Cornelis Winkler."
- Jahresbericht Agrikultur-Chemie (1899), 90, 517. Übersicht der in den Niederlanden 1890 beobachteten Krankheiten an Gemüse- und Gartenpflanzen.
- De Levende Natuur (1901), 6, (08), s. 186. "Nederlandsche Natuurhistorische Vereeniging."
- Nieuw Isr. Weekblad (1903), vol. 38, nr. 41, s. [3e bl 1], 1903-03-27. Aankondiging van een lezing voor vereniging ‘Handwerkers Vriendenkring’ door de heer H.W. Heinsius met als onderwerp: ‘Onze Zintuigen’. De lezing zal worden ondersteund door proeven.
- De Natuur in! (1903), jrg.6, ôfl.1-2, "Vaatcryptogamen." [Yn: Sempervirens (1903)]
- Nederl. Kruidkundig Archief (1903), ser.3,2, s. 1011–1018. Mei C.J. Koning. "De beteekenis en het ontstaan van het anthocyaan in bladeren."
- De Levende Natuur (1904), 9, (05), s. 17. "Rivierkreeft."
- De Levende Natuur (1905), 10, (8), s. 167. "Planten in 't slaapvertrek."
- Album der Natuur (1905), s. 234. "Een overgang tusschen copulatie en bevruchting."
- Maandblad der Nederlandsche Natuurhistorische Vereeniging (1905), 3, s. 40–41. "Natuurmonumenten."
- De Levende Natuur (1909), 14, s. 5-6. "Een merkwaardige plant."
- De Levende Natuur (1913), 18, s. 282–286. "Langs de Zuiderzee."
- De Levende Natuur (1913), 18, (10), s. 240. "Sluitzegels voor Natuurbescherming."
- De Groene Amsterdammer (1916), 12 maart, p. 5. "Vroeg voorjaar."
- De Groene Amsterdammer (1916), 3 juny, s. 5. "Aardwormen."
- De Groene Amsterdammer (1916), 5 augustus, s. 5. "Een zonderlinge plant." [Schubwortel]
- De Groene Amsterdammer (1916), 4 novimber, s. 5. "Herfstkleuren en bladerval."
- De Amsterdammer (1918), 16 febrewaris. "Hugo de Vries. 16 februari 1848-1918."
- Natuur en vernuft (1918), 2e serie, dl.11-12. [De mutaasjeteory fan prof. dr. Hugo de Vries]
- Tijdschrift Plantenziekten (1919), 25, s. 202–204. "Kort verslag van de algemeene vergadering..."
- De Levende Natuur (1924), 29, (06), s. 192. "Zeldzame Inktvisschen."
- De Levende Natuur (1925), "Vijfentwintig jaar Vereenigingsleven."
Wurken
- Bijdrage tot de kennis der bestuiving van inlandsche bloemen door insecten. Grins; Noordhoff, 1890. Proefskrift Universiteit fan Amsterdam.'[1]
- Handleiding bij het onderwijs in de plantkunde. Leiden; Sijthoff, 1900, 1901, 1907, 1913, 1918.
- Geïllustreerde flora van Nederland. Amsterdam; Versluys, 1909, 1913, 1916, 1918, 1920, 1924, 1927, 1930, 1935, 1939. Mei E. Heimans en Jac. P. Thijsse.[2]
- Het afvallen der bladeren. Amsterdam; Van Looy, 1910 [3]
- Het strandboekje. Amsterdam; Versluys, 1913. Mei Jasper Jaspers jr. [4]
- Wilde dieren. Amsterdam; Meulenhoff, 1916 [5]
- Het ontwaken der natuur. Amsterdam; Van Looy, 1916, 1919 [6]
Brieven
- Albert Verwey (1865-1937); 1883, 1884, 1888, 1890. Bibliotheek Universiteit van Amsterdam. [7]
- Jan te Winkel (1847-1927); 1894. Koninklijke Bibliotheek De Haach.
- Albertus Willem Sijthoff (1829-1913); 1899, 1900. Bibliotheek Universiteit van Leiden.
- Aan de Tweede Kamer der Staten-Generaal over de spoorwegstaking; 1903. De Groene Amsterdammer, 8 maart, s. 10.
- Aan de Gemeenteraad van Amsterdam over het Naardermeer; 1905. Maandblad NNV 10, s. 36-37.
- Aan het Voorloopig Comité voor de oprichting Eener Vereeniging tot Behoud van Natuurmonumenten; 1905.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|