Lizzing Hampshire yn Ingelân

Hampshire (ôfkoarte as Hants) is in net-stedsk greefskip oan de súdkust fan Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte is yn 'e 10e iuw. Der wenje sa'n 1.8 miljoen minsken (yn 2016). De wichtichste stêden binne de haadstêd Winchester en de unitary authorities Portsmouth en Southampton.

Hampshire is populêr by toeristen fanwege it nei Ingelske begrippen sinnige klimaat en de lizzing oan de kust. It greefskip ken in rike maritime skiednis; twa fan de grutste havens fan it lân lizze yn Hampshire.

Geografy

Rivier de Beaulieu

Hampshire is geologysk yn twaen te dielen. it kustgebiet yn it suden bestiet foar it measte part út net-erodearre eoseen en oligoseen klaai en grind, dy't troch it Eilân Purbeck, it Eilân Wight en Dorset foar eroazje troch seewetter bewarre bliuwe. Dizze leechlizzende gebieten binne in gaadlik plak foar heidelânskip en bosken. It boskige súd-westen fan Hampshire is as nasjonaal park New Forest in beskerme gebiet, dêr't it getijderivierke Beaulieu streamt.

It noarden en de sintrale dielen fan it greefskip besteane út de kalkstienformaasje fan de Salisbury Plain en de South Downs. De lêsten binne relatyf hege hichten dy't de grins foarmje tuslen it kalkstienplato en de klaaigrûn. De Pilot Hill is mei 286 meter it heechste punt fan Hampshire. It grutste part fan it greefskip is ûngeskikt foar it bouwen fan gewaaks, mar de tanimmende fraach nei fiedsel oan it begjin fan de 20e iuw hat der ta laat dat de agrikulturele sektor groeide. It easten fan Hampshire is no beskerme tsjin fierdere skea troch yntensive lânbou, sûnt it oanwiisd is as Area of Outstanding Natural Beauty.

It klimaat yn Hampshire is mylder as trochstrings op de Britske eilannen it gefal is, mei in trochsneed fan 1541 sinne-oeren en 870 mm rein yn 't jier.

Oanswettende greefskippen

Noard-westen:
Wiltshire
Noarden:
Berkshire
Noard-easten:
Surrey
Westen:
Wiltshire
Hampshire Easten:
Surrey, West Susseks
Súd-westen:
Dorset
Suden:
-
Súd-easten:
West Susseks

Oerheid

Dokken fan Southhampton.
Spinnaker Tower, Portsmouth.

Distrikten

Distrikten Detailkaart
  1. Gosport
  2. Fareham
  3. Winchester
  4. Havant
  5. East Hampshire
  6. Hart
  7. Rushmoor
  8. Basingstoke and Deane
  9. Test Valley
  10. Eastleigh
  11. New Forest
  12. Southampton (Unitary)
  13. Portsmouth (Unitary)

Plakken

Nije apparteminteflats yn Basingstoke

Grutte plakken mei harren ynwennertal:

  • Southampton - 221,100 (2004)
  • Portsmouth - 188,700
  • Basingstoke - 152,573
  • Eastleigh - 116,177
  • Havant - 115,300
  • Fareham - 107,977
  • Andover - 52,000
  • Winchester - 35,200

Bekende lju út Hampshire

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.