Hammerfest
Hammerfest
Hammerfest
Polityk
Lân  Noarwegen
ProvinsjeTroms og Finnmark
GemeenteHammerfest
Sifers
Oerflak847,9 km2
dêrfan lân820,4 km2
dêrfan wetter27,5 km2
Ynwennertal11.274 (2021)
Befolkingstichtens4 inw./km
Oar
Stifting1838
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten
Offisjele webside
Hammerfest Kommune
Kaart
Hammerfest (Noarwegen)
Hammerfest

Hammerfest (Samysk: Hámmárfeasta) is in stêd en gemeente mei 11.274 ynwenners (op 1 jannewaris 2021) yn de provinsje Troms og Finnmark yn it noarden fan Noarwegen, net fier fan de Noardkaap.

Hammerfest leit op 70°39' NB, binnen de Noardpoalsirkel, mar hat fanwege de Golfstream in iisfrije haven en gjin permafrost. Troch de lizzing binnen de poalsirkel giet de sinne net ûnder tusken 16 maaie en 26 july (middernachtsinne) en komt de sinne yn de winter tusken 21 novimber en 21 jannewaris net boppe de hoarizon út.

Hammerfest wurdt, lykas ek Kristiansund, Svolvær, Tromsø en Vardø, oandien troch Hurtigruten (kustekspress). De stêd hat ek in fleanfjild: lofthaven Hammerfest (iepene op 30 july 1974).

Hammerfest wie in fiskershaven en jachtgrûn fan belang lang foardat it rjochten krige per Keninklik dekreet fan Kristiaan VII fan Denemark yn 1789.

Ut de skiednis

Brân fan 1890

Hammerfest waard yn 1890 sa'n bytsje foar de helte ferwoaste troch in brân dy't yn in bakkerij ûntstien wie. Nei de brân waard jild en humanitêre help út alle hoeken fan de wrâld wei stjoerd; de grutste donor wie keizer Wilhelm II fan Dútslân. De keizer hie de stêd in tal kearen mei syn jacht besocht en mocht dêr graach wêze.

Mei fanwege de lange tsjustere winters krige Hammerfest al betiid elektryske strjitferljochting (yn 1891).

Twadde Wrâldkriich

Dútsk boerd yn Hammerfest yn 1941.
Monumint foar Ole Olsen, Hammerfest

Nei harren oermastering fan Noarwegen fersterken de Dútsers Hammerfest en brûkten de haven as útfalsbasis foar de marine. It belang fan Hammerfest waard grutter nei de Dútske ynfal fan de Sovjet-Uny yn 1941. Der waarden trije kustbatterijen oprjochte en de stêd krige loftôfwargeskut. Hammerfest wie de wichtichste útfalsbasis foar de Dútske U-boaten, dy't skippen op de Atlantyske oanfierrûtes fan de Alliearden oanfoelen. Rûnom de stêd waarden 4000 lânminen lein.

De Dútsers ferlieten Hammerfest tusken de hjerst fan 1944 en 10 febrewaris 1945. De stêd waard folslein ferwoastge útsein in lytse kapel út 1937. Ek no noch wurde geregeldwei minen en munysje út dy tiid fûn en ferneatige.

Ekonomy en toerisme

LNG-ynstallaasje op Melkøya yn de skimer út it Toeristesintrum fan Storsvingen wei sjoen

Op it eilân Melkøya, justjes foar de kust by Hammerfest, is in grutte ynstallaasje foar it floeiber meitsjen fan ierdgas út Snøhvit set; it is de meast djoere konstruksje ea yn de skiednis fan Noard-Noarwegen. It projekt hat foar ekonomyske groei en nij optimisme yn Hammerfest soarge, yn tsjinstelling ta de ekonomyske delgong en negative befolkingsgroei yn oare parten fan Finnmark. Snøhvit is de earste eksportfoarsjenning foar floeiber natuerlik gas yn Jeropa.

Hammerfest hat foarsjennings foar sportfiskjen en kommersjeel fiskjen, op see en yn binnenwetter, en djipseedûken. De meast noardlike gletsjer fan Noarwegen is in populêre bestimming. Fierders giet der in deistige boat nei de Noardkaap.

Hammerfest is teffens in sintrum foar Laplânske kultuer.

De Geodetyske bôge fan Struve dy't oan de Swarte See ta rint en dy't brûkt waard om de grutte en de foarm fan de ierde temjitten mei help fan trijehoeksmjitting, begjint yn Hammerfest.

Plakken yn de gemeente

  • Rypefjord

Berne yn Hammerfest

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hammerfest fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.