Halte Wurdum
Halte Wirdum
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Wurdum
adresOenemadyk
arsjitektuer
stasjonskoadeWdm
typeTrochgongsstasjon
iepening1 septimber 1868
16 maaie 1940 Weriepening
sluting15 maaie 1938
15 maaie 1949
boujier1867
sloopjier1983
arsjitektKarel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
spoarlineSteatsline A
kaart
Halte Wurdum (Fryslân)
Halte Wurdum

Halte Wurdum (Wdm) wie in halte oan de Steatsline A by it doarp Wurdum yn de gemeente Ljouwert yn de provinsje Fryslân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de fjirtich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. It stasjon stie sa ûngefear oan de Oenemadyk.

Gebou

It stasjonsgebou kaam yn 1867 ree, en waard iepene op 1 septimber 1868 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A oanlein wie. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 16 maaie weriepene, yn 1949 waard de halte op 15 maaie definitief sletten. It stasjonsgebou waard yn 1983 ôfbrutsen Der is hjoed-de-dei hast neat mear fan de halte en stasjonsgebou werom te finen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.