Hedeby (Aldnoarsk: Heiðabýr, of Haithabu is ôflaat fan heiðr = heide, en býr = tún, fjild, ofwol "heidefjild") wie in wichtige delsetting yn Denemark yn de iere Midsiuwen. It hannelsplak lei hast besuden it hjoeddeiske Jutlân. Hedeby ûntststie oan in ynham fan de Schlei oan de Eastsee.
Yn de perioade dat de Wytsingen op it hichtepunt fan harren macht stienen wie Hedeby it grutste plak yn Denemark. It wie te ferlykjen mei Dorestêd. Haithabu wie in útfalsbasis fan de Noarmannen en lei op in krúspunt fan wegen. It Frankyske Ryk rikte oan Haithabu ta. Fryske skippen sleepte men fan Haithabu nei de Eastsee. It plak dêr't de stêd ea lei leit no yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein (Sleeswyk).
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Haithabu fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.