Habel (Noardfrysk: Haabel) is ien fan de Halligen yn Dútslân. It is mei 3,6 hektare it lytste fan alle Halligen. It eilân is ûnderdiel fan de gemeente Groue. De lingte fan Habel is likernôch 350 meter, de breedte is likernôch 100 meter. Habel leit eastlik fan Groue en likernôch 3,5 kilometer fan de kust fan Dútslân.
Op Habel leit ien terp, de Noarderterp. Op dy terp stiet in gebou fan de fûgelbeskerming; it gebou is allinnich yn de simmer beset. Yn de 19e iuw hat der ek noch in twadde terp op it eilân west, de Suderterp. Dy is yn de rin fan de tiid hieltyd lytser wurden troch lânôfslach. Oan it ein fan de 20e iuw is de terp hielendal ferdwûn yn de Waadsee.
Habel leit yn it Beskermingsgebiet I fan it Nasjonaal Park Schleswig-Holsteinisches Wattenmeer. Der mei net op it Hallig rûn wurde, it is dan ek ferbean foar publyk. De Hallig is eigendom fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en is yn it behear fan de Jordsân Feriening. Habel is in wichtich bried- en rêstplak foar in protte seefûgels. Benammen Rotguozzen en Noardske sternen meitsje in protte gebrûk fan it eilân.
Keppeling om utens
Westfryske eilannen: |