De kat (Latynske namme: Felis catus), om him te ûnderskieden fan 'e wylde kat ek wol húskat of hûskat neamd, is ien fan 'e âldste húsdieren fan de minske. De domestisearre kat heart ta de famylje fan kateftigen (Felidae). De âldste soartnamme wie Felis domesticus, mar dy is no ferfongen troch Felis sylvestris catus. It mantsje wurdt yn it Frysk in boarre neamd; it wyfke in poes. Ein 2009 wiene der yn Nederlân sa'n 3,6 miljoen katten
Jonge katsjes
In jongkatsje wurdt tsjintwurdich faak kitten neamd, in lienwurd út it Ingelsk. Likernôch 66% fan de katsjes wurdt berne mei de kop earst. By de berte is it jongkatsje dôf en blyn. Nei sa'n 10 dagen kin it sjen en nei 17 dagen ek hearre. Nei fjouwer of fiif wiken geane sy oer op fêst iten. Dan leart de memmekat it jong ek om op de kattebak te gean. Dochs drinke in soad kittens oant de sechsde moanne by de mem, at sy dêr de kâns ta krije.[1]
Understeande tabel jout de ûntwikkeling fan in kitten.
Tiid | Omskriuwing |
---|---|
1 wike | eagen iepen, begjin fan fokusjen |
2 wiken | kin krûpe, mar noch net stean |
17 dagen | kin hearre |
3 wiken | begjint te rinnen |
4 wiken | begjint mei fêst iten |
6 wiken | eagen begjinne definitive kleur te krijen |
8 wiken | hat folslein molkgebit |
8 wiken | jachttechnyk wurdt oefene |
8 wiken | kastraasje mei no[2] |
9 wiken | earste faksinaasje panleukopeny en rhinotraceitis/calici |
13 wiken | twadde faksinaasje |
18 wiken | wikseling molkgebit nei fêst gebit |
24 weken | standerdleeftiid kastraasje |
Sjoch ek
- Mankske kat
- Henriëtte Ronner-Knip (1821-1909), Nederlânsk-Belgysk keunstskilderes dy't fral bekend is fan har skilderijen fan katten.
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - kat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
. |