Hûsdokter is it yn it generaal in dokter dy't perifear wurket (net yn in sikehûs) en dy't ree is minsken mei sûnensproblemen te behanneljen.
Stúdzje
Yn Nederlân folget de hûsdokter nei de middelbere skoalle in doktoraal eksamen genêskunde, dernei wurket er/hja twa jier gear yn assisteskippen. Sûnt 1973 is der in hûsdoktersoplieding, dy't op it stuit trije jierren duorret. Yn 2005 is der in nije stúdzjestruktuur ynfierd, foar't jin basisdokter is binne der twa riten opliedings, in bachelor-faze fan trije jier, en in master-faze fan trije jier. Dêrnei kin dan de oplieding ta basisdokter folge wurde.
In hûsdokter is einlings in medysk spesjalist oer it generaal.
Wurksumheden
De hûsdokter is yn earste ynstânsje in oansprekpersoan foar pasjinten dy't sûnens problemen hawwe. Troch de wiidweidige oplieding kin hy likernôch 90% fan de gefallen sels oan en ferwiist er de oare 10% troch nei immen mei in spesjalistyske eftergrûn. Hjirtroch hat de hûsdokter bettere kunde fan de pasjint en wit krekt hoenear't:
- Hy immen nei in spesjalist trochferwize moat
- Hy hat persoanlike bining mei de pasjint en wit sadwaande mear as oare dokters en soarchhelpers wêr't de pasjint mei yn de kunde komme kin.